Aalsum (Grinslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wierde mei steilrân sjoen fan de Aalsumerwei út de rjochting Kommersyl
Wierde sjoen fan de Aalsumerwei ôf út de rjochting Oldehove
Wierde sjoen fan de Electrawei ôf

Aalsum is in âlde wierde yn de gemeente Súdhorn yn de provinsje Grinslân. De wierde leit yn it Humsterlân oan de wei fan Oldehove nei Electra, op de splitsing mei de wei nei Kommersyl. De wierde hat in maksimum hichte fan ûngefear 3,45 meter boppe NAP.

Ten súdwesten fan de wierde stiet de monumintale pleats Holmsterheerd.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De âldste spoaren fan bewenning fan de wierde komme út de 1e ieu f. Kr. (lette izertiid). Yn de Midsieuwen stienen 5 hearden op de wierde; Retkestede, Syboltsma, Hayema, Olde Wyge(r)stede (of Olde Wykestede) en Wytsestede. De famylje Hayema bewenne Aalsum ieuwenlang. Yn de midsieuwen foarme de wierde it sintrum fan de lykneamde Aalsumer kluft (ien fan de 12 fan it Humsterlân), dy't bestie út Aalsum en de omlizzende himrik. Yn de 19e ieu leinen der noch fjouwer pleatsen. Tsjintwurdich lizze der noch twa pleatsen (Olde Wyge(r)stede en Wytsestede) en in hûs.

De wierde is om 1919 foar it meastepart ôfgroeven; allinnich de noardeastlike en eastlike râne binne bewarre bleaun. By opgravings yn dy tiid fûn argeolooch Albert Egges van Giffen der ûnder oare in iermidsieusk grêffjild en ek in houten bôge út de 9e ieu. By boarringen yn 1971 waarden ynhiemsk-Romeinske, midsieuske en mear resinte diggels fûn.

Yn 2003 waard de wierde oanwiisd as argeologysk monumint. Yn 2005 waarden provinsjale plannen om de wierde werom te bringen yn syn oarspronklike steat ôfblaasd. It oerbliuwsel nei de ôfgraving troch Van Giffen ha sa folle lânskiplike wearde dat 'werstel' net akseptabel wêze soe. Boppedat wie destiids in fytspaad yn oanlis nei Electra, wêrby't it werstel fan de wierde dit proses trochkrúsje soe.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: