Midwolde
Midwolde (Grinslânsk: Midwolle) is in doarp yn it Grinzer Westerkertier. It leit yn it noardeasten fan de gemeente De Like. Yn 2008 hie Midwolde 420 ynwenners.[1]
[bewurkje seksje] Beskriuwing
Midwolde leit in pear kilometer noardeastlik fan it doarp De Like op in deksânrêch, dy't fan west nei east troch it Westerkertier rint en werop ûnder oaren ek Mearum, Tolbert en Lettelbert lizze.
Midwolde is foaral bekend om syn tsjerke, wêrfan it skip út de tolfde ieu datearret. De tsjerke wie yn it ferline altyd ferbûn mei it wat súdliker lizzende lângoed Nienoard, wêrfan aardich wat bewenners yn it gebou begroeven binne. It barokke prielgrêf fan ien fan harren, Carel Hieronymus von Inn- und Kniphausen (1631-1664), wurdt beskôge as ien fan de haadwurken fan de Flaamsk-Hollânske byldhouwer Rombout Verhulst (1624-1698). In brânskildere rút yn de tsjerke werinnert oan in ûngelok yn 1907 wêrby't de famylje Van Panhuys, de doetiidske eigners fan Nienoord, yn it Hoendjip ferdronken is.
Midwolde moat net betize wurde mei Midwolda, dat yn it easten fan de provinsje Grinslân yn de gemeente Scheemda leit en dat in stik grutter is.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|