Barnwert

Ut Wikipedy

Barnwert is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It leit oan de wei fan Aduard nei Saaksum mear as in kilometer noardlik fan Den Ham.

It buorskip bestiet út trije huzen oan de foet fan in foar in part ôfgroeven wierde. De hichte fan de wierde is 2,3 meter boppe NAP. Yn de wierde binne bewenningspoaren en diggels fûn út ûnder oare de iere Izertiid, de Romeinske en de midsiuwske perioade.

De namme soe ôflaat wêze kinne fan it Aldfryske bar = bier, ûnbegroeid en wert = wierde.

By de wierde hat eartiids de boarch of stins Fritsinga of Fritsinge stien.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jelsma, J. (2005), Een inventariserend archeologisch veldonderzoek op de wierde Barnwerd, Oldehove. Grins: De Steekproef.