Doezum

Ut Wikipedy
Doezum
Doezum (2017)
Doezum (2017)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 1.200 (2023) [1]
Oerflak 11,12 km²
dêrfan lân: 11,1 km²
dêrfan wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 108 ynw. / km²
Oar
Ferkearsieren N980
Postkoade 9863
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
dorpdoezum.nl
Kaart
Doezum (Grinslân)
Doezum

Doezum is in lintdoarp yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. It leit súdwestlik fan Gruttegast op in sânrêch dy't fan it doarp oant Oldekerk ta rint. Begjin 2019 wennen der 735 ynwenners [2], wylst dat der tsien jier earder noch 1.142 minsken wiene.[3]

Doezum hat trije buorskippen, Peebosk, de Bokkebuert en De Eest.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Doezum wurdt tocht dat de namme eartiids Dodesheim west hat, wat dan ôflaat is fan de Fryske manljusnamme Dode. Yn in akte út 1436 komt de namme Uterdosum foar. It is net dúdlik wat plak dêr krekt mei bedoeld wurdt, mar it soe wêze kinne dat dit gearhinget mei de ferkaveling fan it doarp. Eastlik fan Doezum rint dy de kant út fan it Trekdjip yn it noarden en de Leidyk yn it suden. De ferkaveling oan de westkant, dy't jonger wêze kinne soe, is op de Lauwers rjochte en stiet skean op dy oan de eastkant. Faaks waard mei Uterdosum de westlike ferkaveling bedoeld. Oant 1930 waard ek it súdliker lizzende doarp Kornhorn ta Doezum rekkene.

Doezum lei foarhinne oan wat doe de Lauwerssee wie. In útrinner fan it doarp nei it noarden ta waard eartiids Dorpshoft neamd en no it Dorp - in ferbastering fan "terp". It is mooglik dat dy opsmiten is troch de muontsen fan it Gerkeskleaster. Yn elts gefal hawwe dy de Skalkendaam oanlein, in dyk dy't dizze kriten tsjin de see beskermje moast. Doe't de Lauwerssee hieltyd mear tichtslike, waard it nedich om foar de ôfwettering fan it gebiet in tochtsleat te graven. Om't de muontsen ek bûtendyks lân ynpolderen, moast it syl yn de dyk al mar fierder de kant fan see út ferlein wurde. It ôfwetterkanaal fan Doezum waard sa hieltyd langer. De bewenners fan it doarp wegeren om dêroan mei te wurkjen en hawwe iuwen oanien oerstallich wetter op de Fiskfliterfeart lost. Pas doe't yn 1657 it Hoendjip klear kommen wie, koenen se dêrop ôfwetterje. Doch stienen lyk as oare parten fan it Westerkertier de Doezumer en Kornhornster Mieden oant yn de tweintichste iuw it meastepart fan it jier blank, want de ôfwetteringskapasiteit bleau beheind.

De tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Doezum).

Doezum hat in romaanske tsjerke, de Sint Fitustsjerke. It âldste part dêrfan datearret út de tolfde iuw, mar de tsjerke is yn de rin fan de tiid faak ferboud, benammen nei de reformaasje. De tsjerke waard setten op in fundearring fan balstiennen út de streek. De muorren waarden oplutsen út Dútske dowestien, dy't faaks yn Dimter helle is. Se waarden boud mei in wide spou, dy't folsmiten waard mei stikken stien yn kalkspeesje, en wienen dêrtroch sa'n 85 sm breed. De tsjerketoer, dy't ek op balstiennen stiet, is yn de rin fan de tiid wat skean nei it westen ta kommen te hingjen. Oan beide kanten fan de toer stienen earder oanbouwen. Ien dêrfan is al gau sneuvele, mar de westlike is by in lettere restauraasje werom setten. Op it dak fan de tsjerke lizze foar in part Romaanske reade dakpannen, de sabeare muontsen en nonnen. Op de westkant lizze felblauwe pannen. De tsjerke krige yn 1696 in nije klok, dy't getten waard troch Petrus Overney fan Ljouwert.

Yn de Sint Fitustsjerke binne seis grêven. It âldste is dat fan Harrit Bensema (†1612), boer op 'e Bensemaheerd yn it westen fan Doezum. Fierder binne yn de tsjerke begroeven in Amse Eewes (†1628), oer wa't fierder neat bekend is, grytman Weyt Sickema (†1632) en syn wiif Tjauck Iwema (†1639), oerste-luitenant Johan Polman (†1653), in efterneef dêrfan mei deselde namme, en Meertens Harmens (†1715), dy't keapman en tsjerkefâd te Doezum wie.

IJe Wykstra[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1929 waard it doarp yn hiel Nederlân bekend, doe't de Doezumer Eije Wijkstra (1895-1941) hjir op 18 jannewaris fjouwer fjildwachters deamakke dy't yn opdracht fan de rjochterlike macht yn Grins syn freondinne by him wei helje moasten.

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
wizigje