Tsjerkefâd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In tsjerkefâd wie foar de Reformaasje in lekebehearder fan it tsjerkegoed (sjoch: tsjerke-atte), tegearre mei de pastoar. Tsjerkefâden waarden meast keazen troch de parochianen, yn de stêden soms troch it stedsbestjoer; yn gefal fan ynkorporaasje wie de abt sels wolris tsjerkefâd. Tsjerkefâden moasten rekkenskip ôflizze oan de patroan en oan de deken (yn dekensitten oan de aartsdiaken). Foar ferfrjemding fan goed wie nei 1542 ferlof nedich fan it Hof. Yn de grifformearde tsjerke ûnder de Republyk wienen de aadlike en eigenerfde grûnbesitters tsjerkefâd. Troch it tsjerklik stimrjocht hienen se faak grutte macht en maken dêr bytiden misbrûk fan.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen