Allardseach
Allardseach is in buorskip tichtby it trije-provinsjes-punt fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Yn in tún fan in hûs oan de Allardseachsterwei stiet in grinspeal dy't it krekte punt oanjout dêr't de trije provinsjes oan inoar grinzje. Allardseach is bekend fan de earste Folkshegeskoalle fan Nederlân, stifte troch Jarich van der Wielen.
Oer de heide fan Allardseach rint in âlde midsieuske wei. Dy holle wei wie sûnt de midsieuwen in wichtige rûte fan Fryslân nei Grinslân/Drinte. Dêrneist leit op de heide in oantal grêfhichten út it Neolitikum.
Op de grins fan Fryslân en Drinte leit de Lânwar, in let-midsieusk ferdigeningswurk. De Lânwar wie it earste natoergebiet dat It Fryske Gea in syn besit krige.
Yn in earder skoalgebou yn Allardseach sit in Nivon Natoerfreonehûs.