Langsweagen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Langsweagen
Flagge fan Langsweagen Wapen fan Langsweagen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Langsweagen
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2006) 1000
Webstee www.langezwaag.com
Langsweagen
Tsjerke Langsweagen

Langsweagen is in doarp yn de gemeente Opsterlân, súdwest fan De Gordyk. It doarp hat likernôch 1000 ynwenners (2006).

Langsweagen leit yn it feanûntginningsgebiet en is fanâlds in weidoarp oan de dyk fan It Hearrenfean nei De Gordyk. It doarp leit op de grins fan sân- en feangrûn. Bewesten en besuden Langsweagen is sprake fan in iepen lânskip en eastlik en noardlik hat it lânskip in sletten karakter. Sweach betsjut greidlân. De buorren by it tsjerke út 1781 hjit 't Hou.

Koarte skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De namme Langsweagen hâldt ferbân mei de lizzing fan de grûnen: lange stikken lân (sweagen) rûnen eartiids fan it rivierke de Alde Ie yn it noarden oant foarby de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn it suden. De lange sweagen fine wy noch werom yn de doarpsflagge en it wapen, symbolisearre troch de griene banen en in klaver yn it wapen. Nei ± 1550 waard troch de Heeren Compagnie út It Hearrenfean wei begûn mei it ôfgraven fan heechfean en waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart mei al syn sydtûken groeven om de turf nei Hollân te ferfieren. De haadwei rûn east-west, fan It Hearrenfean oer Lúkswâld en Langsweagen nei De Gordyk. Dy Hegedyk wie tagelyk de wetterkearing nei beide siden. Benoarden dy Hegedyk ûntstienen nei de ferfeaning grutte wetterplassen. Troch de oanlis fan polderdiken waarden de droechmakke polders geskikt makke foa boulân en greiden. In twadde ferbiningswei wie it wat heger lizzende 'Boppepaad’ fan Sechtjinroeden oant foarby Bontebok, dêroan moatte in fjirtichtal pleatsen stien hawwe.

It yn 1902 oprjochte molkfabryk ferlear nei de konsintraasje yn de sechtiger jierren fan de 20e ieu syn funksje en waard sluten. It gebou wurdt no bewenne en der sit in bedriuw yn. Foar de ôffier fan de produsearre tsiis waard gebrûk makke fan de tram. Yn 1880 waard de NTM (Nederlandsche Tramweg Maatschappij) oprjochte en fan doe ôf krige Fryslân in net fan tramlinen. Oant 1948 ried der ek in tram troch Langsweagen. De PKN-Tsjerke yn Langsweagen is wijd oan Sint Mattéüs. Oarspronklik hongen der twa klokken yn in klokkestoel, mar nei de nijbou fan de tsjerke yn 1782 binne de klokken yn de tsjerketoer ophong. Njonken de tsjerke stiet de konsistoarje mei in fraaie trepgevel.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1902 komt Pleatslik Belang op foar Langsweagen. Op 3 desimber 2005 ha se de buordsjes Wolkom en Oant sjen pleatst. De doarpsfeesten binne begjin septimber. Der is sûnt oktober 2009 in doarpshûs. De Wjukslach is de basisskoalle fan it doarp.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Nut en Genoegen - toaniel

Sport[bewurkje seksje | edit source]

In 2007 waard Langsweagen lanlik bekend, trochdat it Nederlânske team by it EK ûnder de -21 op sportpark It Paradyske treende. Dêr is ek in sporthal.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Bûten it doarp leit it buorskip de Wyngaerden, neamd nei de famylje Wijngaarden.
  • Jierliks wurdt de prestaasjeloop "8 fan Langsweagen" organisearre.
  • De tsjerketoer hat in wynwizer yn de foarm fan in hynder.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alde Ie, Boerestreek, De Finne, 't Hou, De Klamp, De Plasse, Hegedyk, Jister, Klidze Rjocht, Lang Ein, Lytse Wyngaarden, Paradys, 't Skeane Ein, Skoalplein, Spant, Tsjerkeleane.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Line fan Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]