Lippenhuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lippenhuzen
Flagge fan Lippenhuzen Wapen fan Lippenhuzen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lippenhuzen
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2006) 1321
Webstee www.lippenhuizen.com
Lippenhuzen, tsjerke
Wettertoer fan Lippenhuzen
Tolhús Sweachsterwei
Sweachsterwei 2

Lippenhuzen is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardeast fan Gordyk. It doarp hat likernôch 1321 ynwenners (2005). By Lippenhuzen leit de Liphústerheide.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Lang lyn waard it doarp Kobunderhuzen neamd. Nei alle gedachten komt Lippenhuzen fan de familje Ljuppa. Ieuwen lien wenne dizze familje hjer en boude in stikmennich huzen. De huzen en familjenamme byinoar waarden Ljuppengahuizen. Lippenhuzen is ûntstien op in sânrech fan De Gordyk nei de Himrik. De buorren lizze east fan de tsjerke. Yn de 18e ieu waard der besuden it doarp in soad bokweet op ferboud. Begjin 18e ieu waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oanlein om de turf ôf te fieren. De tsjintwurdige turfrûte ferbynt it doarp mei Terwispel, de Himrik en De Gordyk. Begjin jierren njoggentich is de doarpsútwreiding út it bestimmingsplan "Lippenhuzen-East" folboud.

[bewurkje seksje] Gebouwen

De hjoeddeiske tsjerke stiet oan De Buorren en is it resultaat fan it yn 1860 opnij bouwen fan de yn 1743 op in ferhege tsjerkhôf boude tsjerke. De 17e-ieuske preekstoel datearret noch út de âlde tsjerke. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten, mei laaien beklaaide geveltoer mei nullespits.

Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs. Oan de eastkant fan De Buorren foarmet de út 1932 datearjende wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.

[bewurkje seksje] Mienskip

Yn de âlde skoalle sit no doarpshûs De Mande. It doarp hat acht buertferienings: De Boppewei, De Wiken, Metersleantsje, De Kompanjons, It Feestlân, De Wettertoer, It Fuottenein en De Foksebuorren. Doarpsbelang hat meidien oan de doarpsfizy oant 2010 en de doarpsspegel. De skoalle hjit De Flecht, it pjutteboartersplak de Hummelmande. Der is noch in supermerk yn Lippenhuzen. It jierlikse doarpsfeest is meast yn juny. Doarpskrante 'De Harker' ferskynt tsien kear yn't jier.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Mande - klaverjassen
  • Fleurich út ein - toaniel
  • Melomania - koar
  • Fuotbalferiening THOR - fuotbal
  • Keatsclub

[bewurkje seksje] Berne yn Lippenhuzen

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Tusken 1639 en 1832 stie der in nôtmole oan de Wispeler Heawei.
  • Yn it doarpswapen binne de turffearten en de bokweetkerrels symbolisearre.

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

't Corso, Boerestreek, Bûkenhage, Buorsterwyk, Bûtewei, Kompanjonsfeart, De Buorren, Dotterblom, Feestlân, Heidereed, Kobunderleantsje, Marten Janswei, Omgong, Pompeblêd, Rjochtskeamerpaad, Singel, Slûsleane, Swanneblom, Sweachsterwei, Tjalling Harkeswei, Trijehoek, Weme, Welgelegen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen