De Frije Wiken
Ut Wikipedy
De Frije Wiken is de namme fan in gearwurking fan doarpen en syn bedriuwslibben yn de súdeast hoeke fan Fryslân. Doel is (toeristyske) promoasje fan it gebiet. Grûnslach foar de promoasje binne de doarpsfisy's en de gearwurking bliuwt fan de doarpen. De Frije Wiken is op 14 septimber 2011 oprjochte.
De namme De Frije Wiken hat te krijen mei it it libjen fan de feanarbeiders yn it ferliene en it ferskaat oan lânskippen dat dêrtroch ûntstoun is. Ek wol it it frije gefoel by de rekreant losmeitsje, yn de sin fan noflike eigenwizens en in beskate selsstannigens.
Doarpen dy meidogge binne:
- Mildaam
- Ketlik
- Bontebok
- De Knipe
- Aldhoarne
- Nijhoarne
- Jobbegea
- Hoarnstersweach
- Aldeberkeap
- De Gerdyk
- De Himrik
- Lippenhuzen
- Langsweagen
- Jonkerslân
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |