Oerterp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oerterp
Flagge fan Oerterp Wapen fan Oerterp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oerterp
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2006) 4768
Webstee www.oerterp.nl
Weibuorren, de haadstrjitte
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp

Oerterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, east fan Drachten. It doarp hat likernôch 4.768 ynwenners (2006). It is dêrmei nei De Gordyk it grutste doarp fan de gemeente Opsterlân.

It doarp hat in geunstige lizzing ten opsichte fan Drachten (6 km) en it Knooppunt Oerterperfallaat fan de A7 fan It Hearrenfean nei Grins en de N31 fan Ljouwert nei Emmen. Sadwaande wenje der in soad forinzen yn it doarp. De middenstân wreidet him stadichoan út trochdat der in soad nijbou dien wurdt. Der binne trije basisskoallen: in iepenbiere (De Twirre), in algemien kristlike (De Opdracht) en in grifformeard frijmakke (Eben Haëzer). Hummelterp en de Spil binne de twa pjutteboartersplakken.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oerterp is in streekdoarp tegearre mei Selmien oan de westside en Sigerswâld oan de eastkant. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen, as yn Grinslân of Drinte, is it lykwols net troch feanterij ûntsstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike Drait (dêr't no De Feart leit) en De Boarn (op dat stik no it Alddjip). De earste bewenning wie op dy sânrêch en moat grif al in tûzen jier âld wêze, al wennen der net in soad minsken. As middel fan bestean wie men oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feetylt. De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing ten opsichte fan de Boarn: Oerterp boppenstreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.

De langhalige bebouwing hie te krijen mei de kavelferdieling fan noard nei súd. Alle grûn wie eigendom fan de kleasters. De opset fan de ferdieling wie dat elke "boer" likense kânsen krige: in diel fan it heechfean, in diel fan yn kultuer brochte (of noch yn kultuer te bringen) grûn en in útgong fia de heidegebieten nei greiden oan it Alddjip. Mear as hûndert jier letter ûnstie yn it heechfeangebiet noard fan it doarp bewenning troch it graven fan de feart fanút Drachten troch de feanôfgraving. Sa ûntstie yn dit gebiet in nij part fan Oerterp, dat rom in jier letter al mear ynwenners, (yn it earstoan benammen feanarbeiders, skippers en handelers), telde as de âlde boerestreek fan it doarp.

Under archeologen hat Oerterp bekendheid trochdat hjir yn 1943 by de Prinsedobbe oan de Mûneleane oerbliuwsels fûn binne fan rindierjagers út 'e ein fan de Alde Stientiid, ± 10.000 oant 9800 foar Kristus, flak nei de lêste iistiid. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark lykas krombekstekkers en fierders ôfslaggen en kearnstikken. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas yn Laplân en Noard-Sibearje no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip harren te bieden hie: allinnich de hege sânrêgen tusken de rivierkes wienen begeanbear. Men nimt oan dat it hjir om simmerkampen giet. Omdat fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by Hamburch stiet dizze kultuer bekend as de Hamburchkultuer. Ek by Havelte waarden der resten fan fûn.

Bouwurken[bewurkje seksje | edit source]

Klokkestoel Oerterp

Oerterp hat net folle monuminten. It wie in earme streek en de kwaliteit fan it boude wie trochstrings net heech. Fierwei de measte huzen binne dan ek yn de 20e ieu boud. In útsûndering is it oan alle kanten skeane hûs njonken de supermerk op de Weibuorren 60/62 mei de lytse raamkes, en dat is dan ek beskerme as monumint. Fierders is der noch in aardige gevelstien ynmitsele neist de foardoar fan it eardere postkantoor op Weibuorren 76:

Heere Hendriks
geweesen Brou
wer tot Oerterp
1740

De stien is dúdlik âlder as it gebou, dat dêr yn 1919 kaam op it stee fan it doe foar de twadde kear ôfbaarnde kafee/loazjemint. De stien siet earder yn it loazjemint, mar de brouwerij fan Heere Hendriks stie oan de Feart op de hoeke fan de Brouwersleane. Heere Hendriks lei flak neist it tsjerke begroeven ûnder in lizzende stien. Syn grêf is nei de Twadde Wrâldoarloch romme. De stien fan syn heit leit yn 'e tsjerke. Op it tsjerkhôf stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Oan de Mûnestrjitte stiet it stiennen ûnderstik fan in achtkante reiddekte stellingnôtmole. It stee dêr't de stellingskoaren fêstsitten hawwe is noch te sjen oan de heakken yn de muorre. Dizze waard dêr boud yn 1872 mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen houtseachmole út de Saanstreek. Hy hiet "De Swarte Brúnfisk". Yn 1925 knapte in moleroede en waard der in motor ûnderyn de mole setten. De mole-as waard yn 1927 ferkocht nei Aduard en is dêr yn de noch besteande wettermole (troch wetter oandreaune mole) set. It hûs rjochts derneist wie de mûnderswente dy't letter, om 1911 hinne, byboud waard. De âlde mûnderswente stiet noch oan de saneamde "Kaltsreed".

Om 1670 waard hjir flakby, oan de hjoeddeiske Postleane, in folmole boud foar it "foljen" (it fertichtsjen fan de stof troch de fezels dêrfan de iepeningen yn it weefsel opfolje te litten) fan weefde wollen stoffen mei stampers yn bakken mei ûnder mear urine. Troch se sa folje te litten waarden se tichter en dus waarmer. De wol sil komd wêze fan de skiep dy't op de heide hâlden waarden en sil troch in soad minsken thús spûn en weefd wêze. Yn 1749 wie Jan Sanders timmerman en folmulder yn Oerterp. De mole ferdwûn nei 1800. De yntiids renovearre mole stiet oan de Weibuorren 22 yn Oerterp

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat in oantal buertferienings dy't ek aktiviteiten organisearje.

Eveneminten[bewurkje seksje | edit source]

Alle twa jier wurdt der in doarpsfeest hâlden. Dit bart op de ûneven jiertallen, lykas 2007 & 2009. Der is dan in merke, in grutte feesttinte en in soad aktiviteiten troch de eigen bewenners. It feest duorret fjouwer dagen. Fierders binne der ferskate optredens fan de majorettes en fanfare. Op de langste dei wurdt de haadwei ôfsluten en is dêr in grutte merk mei in soad aktiviteiten, organisearre troch de Sportclubs yn Oerterp. Fierders hat Oerterp noch in iisbaan, twa grutte boarterstunen, in skatebaan, in sportsintrum (MFC De Wier), in jongereinsoas en in aktiviteitensintrum yn De Wier. Elk jier is der boppedat in grut konsert fan ferskate rock-artysten: Oerrock

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Kristlike Muzykferieniging De Bazuin - brassband
  • Grifformearde Brassband De Lofklank - brassband
  • Op nij feriene - toaniel
  • Oerterper Manljuskoar - sjongen
  • De Snip - dowen
  • OFG - gymnastyk
  • Fuotbalferiening Oerterp
  • Kuorbalferiening Oerterp
  • Five Pack - basketbal
  • Oanbreide Hoazzen - muzyk

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Oerterp[bewurkje seksje | edit source]

  • Jan de Roos (23 novimber 1896), strjittemuzikant († 1979)
  • Saco Rienk DeBoer (7 septimber 1883), ferneamd Amerikaansk lânskipsarsjitekt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Oerterp.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]