Saco Rienk DeBoer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Saco Rienk DeBoer (Oerterp, Nederland, 7 septimber 1883 - Denver, Kolorado, augustus 1974) wie in Amerikaansk lânskipsarsjitekt en steedlik planner fan Nederlânske komôf.

DeBoer hie te lijen fan tuberkuloaze en emigrearre yn 1908 nei Amearika om yn in droeger klimaat ferlichting te finen. Hy hâlde in skoftke ta yn Maxwell City, Nij Meksiko, mar ferfarde rillegau nei Denver dêr't er yn de stedskwekerij oant wurk koe.[1]

Hy waard, nei de dea fan Denvers earste lânskipsarsjitekt Reinhart Schuetze, de offisjele lânskipsarsjitekt fan Denver fan 1910 oant 1931. Hy makke ek de earste ûntwerpen foar Boulder City yn Nevada.

Saco Rienk DeBoer hat tsientallen stedsparken en hûnderten priveetunen ûntwurpen. As steedlik planner hat er meiwurke oan de earste bestimmingsplannen fan Denver, mar ek oan it ûntwerp fan it spoar en har er ûntwerpen makke foar parken tsjin berchskeanten oan. Foar in part is er ek ferantwurdlik foar de Botanyske Tunen fan Denver en Red Rocks Amphitheatre.

DeBoer die ek in soad bûten Denver. Hy wie konsultant foar in protte steden oan de Front Range – sa as Greeley, Grand Junction, Boulder, Golden, Longmont, Aurora, Fort Collins, en Englewood – en fierders Scottsbluff, Nebraska; Brainerd, Minnesota; Ruidoso, Nij Meksiko; Idaho Falls, Idaho; Boulder City, Nevada; en Glendive, Montana. Dan hat er ek noch oant wurk west by de National Resources Planning, dat gie om gruttere ûntwerpen; hy hat tsien jier arbeide oan bestimmingsplannen foar de steaten Utah, Nij Meksiko, en Wyoming.

Yn't koart: Saco DeBoer hat in wichtige bydrage levere oan de steedlike ûntjouwingen fan it bergich westen fan de Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikpedia nl:, Saco Rienk DeBoer
  1. Denver Park and Parkways Thematic National Register Nomination, Office of Archaeology and Historic Preservation, Colorado Historical Society.