Fryske Peallen
|
|||||
| Gemeente | Opsterlân | ||||
| Ynwennertal (2005) | 1014 | ||||
| Webstee | |||||
Fryske Peallen is in doarp yn it noarden fan de gemeente Opsterlân. It doarp hat likernôch 1014 ynwenners (2005). Fryske Peallen leit flakby de grins mei Grinslân en de doarpen Sigerswâld en Oerterp. It doarp leit oan de trochgeande wei fan Bakkefean nei de rykswei A7 fan It Hearrenfean nei Grins.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Fryske Peallen ûntstie yn de 18e ieu as ûntginningsdoarp yn it hege fean. Der waard om 1600 hieltiten fierdergroeven yn de rjochting fan Grinslân oant in kommisje se yn opdracht fan de Grinslanner Steaten it ferbea. Pas yn 1724 kaam der in dúdlik grinsferdrach. It eardere fuotbalfjild fan Fryske peallen lei op Grinslanner grûn en de iisbaan fan de Pealsters leit formeel noch altiten yn Grinslân. Oant 1951 hearde it doarp by Sigerswâld. Pleatslik Belang die doe al jierren war om de doarpsstaus te krijen. It westlike diel fan it doarp foel altiten ûnder Oerterp, wylst it easten ûnder Sigerswâld foel. Sigerswâld rekke oan it nije doarp yn ien pklap twa skoallen en in tsjerke kwyt. Gefoelsmjittich bleau buorskip De Haar út de gemeente Mearum by Fryskepeallen hearren.
It wapen fan Fryske Peallen is ôflaat fan de skâns dy't steedhâlder Willem Loadewyk yn 1593 bouwe litten hat om de Spaanske legers te warren út Fryslân. De skâns yn it wapen hâldt de Spanjerts tsjin, symbolisearre troch it wapen fan Arragon, mei de symboalen út de Fryske flagge oan de oare kant.
Mienskip [bewurkje seksje]
Der binne net sa folle winkels mear as eartiids. Der is noch in winkeltsje foar elektryske apparaten, in waarme bakker, en in ridende buertwinkel. Ek binne der meardere autohandelers en der is in winkel mei fan alles. Fierders moatte de ynwenners boadskipje yn Oerterp en yn it wat fierder lizzende Drachten. De bibleteekfoarsjenning wurdt fersoarge middels in bibliobus. It multyfunksjonele sintrum hjit "De Dobber". De Skâns en de Rehobothskoalle binne de skoallen fan it doarp.
Jierliks wurdt it Crossed Guitars Festival hâlden yn Muzykkafee Ma Kelly's. Dit lûkt ek besikers út it bûtenlân.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Fuotbalferiening RWF
- De Sjofaar - brassband
- Nij Libben - toaniel
- Eigenwiis - koar
Befolking [bewurkje seksje]
Tsjerklik [bewurkje seksje]
Fryske Peallen hat in Grifformearde tsjerke, dy't by de tastânkomming fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân besleat him mei inkele oare beswierre grifformearde tsjerken te ferienjen yn de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, en ek in Grifformeard-frijmakke tsjerke mei ûngefear 400 leden.
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Alyt Damstra, toanielspylster by Tryater is berne yn Fryske Peallen.
Strjitten [bewurkje seksje]
Fryske Peallen hat 12 strjitten: 't Paad, 't Tolhek, Boskdobbe, De Bodding, De Rusken, De Skieding, De Slûs, Hearsterwei, Kromhoek, Lytse Dobbe, Lytse Leane en Tolheksleane.
- 't Tolhek hat de grutste Buertferiening.
- Tolheksleane is ek haadstrjitte.
Iepenbier Ferfier [bewurkje seksje]
Fryske Peallen is te berikken mei line 84 dy't fan Drachten nei Assen v.v. rydt (alle dagen) en mei line 89 dy't fan Drachten nei Grins (tusken Drachten en Marum as stoptsjinst, fierders as sneltsjinst) v.v. rydt (allinnich troch de wike bûten fakânsjetiid).
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
