Lúkswâld
|
|||||
| Gemeente | Opsterlân | ||||
| Ynwennertal (2005) | 412 | ||||
| Webstee | www.luxwoude.net | ||||
Lúkswâld (ek wol Lúkswâlde) is in feanûntginningsdoarp yn de gemeente Opsterlân, west fan Gordyk. Yn it doarpswapen stiet ek in turf. De huzen steane yn in lint oan de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei. It doarp hat likernôch 412 ynwenners (2005). en leit yn it westen fan Opsterlân yn it feanûntginningslânskip. It doarp leit flak lâns de snelwei A7 tusken De Gordyk en It Hearrenfean en is berikber fanôf De Tynje, De Gordyk en Tsjalbert.
Yn 1315 lei yn Lukeswalde, sa't it doe neamd waard, in kapel of tsjerke. Dizze is letter ferdwûn. Yn elts gefal yn de 17e en 18e ieu tsjerken de Lúkswâldsters yn it buordoarp Gersleat yn de gritenij Aenjewier.[1][2]
Lúkswâld is in streekdoarp dat him pas let foarme. Lúkswâlde wie lange tiid it lytste doarp fan de gritenij Opsterlân. It doarp hie mar tsien stimhawwende sates. Yn 1749 wennen der noch mar trije húshâldings. Op de gritenijkaart fan Schotanus út it begjin fan de 18e ieu is it in streekje mei losse bebouwing lâns de diken en paden nei it noarden: de haadwei is troch de feanen rjochting Gersleat en It Hearrenfean. Fierder de wat eastliker rinnende Heawei nei de ‘Luxter Tinie’, dy't folle letter útgroeie soe ta De Tynje.
Oan de ein fan de 18e ieu is it noch altiten lyts. De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' melde doe: een klein Dorpje [..] op de grenzen van Aengwirden, niet verre van Gersloot, waar onder dit Dorpje in ’t Geestelyke behoort. De landen, die tot dit Dorp behooren, loopen voorby Gersloot in een punt ten einde, op de kaart bekend onder den naam van Luxter Horn, en over dezelve loopt, van den Veenster rydweg, een hooiweg naar Luxter Tinie.
It doarp hat nea in tsjerke hân en hearde al yn de 16e ieu tsjerklik by Gersleat yn de oangrinzjende gritenij Aenjewier. Lúkswâlde lei op de grins fan in leechfean en in heale ieu letter wie de omjouwing fan it doarp troch de turfwinning dramatysk feroare. Op de gritenijkaart fan Eekhoff fan 1848 lizze ten noarden fan it doarp ûnúteagbere plassen troch de leechfeanterij, wêrby't allinnich de beide neamde diken sparre bleaun binne. De plassen rinne oant foarby De Tynje, dêr't de ferfeantingen yn folle gong binne. Troch dizze ferfeantingen is it lytse doarp, mei yn de midden fan de 18e ieu noch gjin tsien ynwenners, sterk groeid. Begjin 19e ieu wenje der mear as 300 minsken op de smelle stripen lân oan beide kanten fan de dyk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Pleatslik Belang bestie yn 2002 hûndert jier en fierde dat mei in eksposysje yn de tsjerke. Doarpsskoalle De Hoekstien en doarpshûs 't Trefpunt steane oan de Hege Dyk. Der binne trije buertferienings:Opwei, Alde Leane en Twaspan. Yn it twadde wykein fan septimber is it doarpsfeest. Tsien kear yn't jier ferskynt de Doarpskrante dêr't ek skoalnijs yn stiet.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Vriendenkring - toaniel
- It Fortún - biljerten
- Reisferiening
- Stifting Sweefmole
- Deelenruters
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Alde Leane, De Opslach, De Weech, De Wyngaarden, Hegedyk, Lúkster Heawei, Nije Leane.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Oer it doarp is ferskynd “Trije yn Ien” dat ek oer de doarpen Langsweagen en Jonkerslân giet
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
- Line 18: It Hearrenfean – Lúnbert – Tsjalbert – Gersleat – Lúkswâld – De Tynje - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|