Terwispel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Terwispel
Flagge fan Terwispel Wapen fan Terwispel
Flagge Wapen
Lokaasje fan Terwispel
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2005) 1002
Webstee terwispel.net

Terwispel is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardwest fan Gordyk. It doarp hat likernôch 1002 ynwenners (2005).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as Wispolia, Westpalia en Wyspola skreaun. It doarp ûntwikkele him op it krúspunt fan de wei "De Streek" en it wetter De Nije Feart. Dizze Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as ûnderdiel fan de turfrûte. Trochdat de feart it doarp yn twaën spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd.

By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fûn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e ieu ek Feanebuert, Kolderfean en Tynje ûntstien. Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in eigen doarp.

[bewurkje seksje] Mienskip

In grut part fan it ferieningslibben spilet him ôf yn 'Us Doarpshûs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang hjir Oan de Smidte gear. Dit multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud. Ien kear yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich ûnderdiel dêrfan is de buertkamp. Wispelweagen is de doarpskrante. De basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld en 't Pikehokje it pjutteboartersplak.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Sizze en Dwaan - toaniel
  • De Hiskefiskers - shantykoar
  • Sportferiening Wispolia

[bewurkje seksje] Buertferienings

  • Bûtewei
  • Doarpshûsbuorren
  • Hiskebuorren
  • Alde Dyk/Klidze Rjocht
  • Om 'e Bocht
  • Plantsoen
  • Sinnedael ('t Feantsje, Skarlannen, De Streek)
  • Smidte
  • Spaltenbrêge/Kolderfean
  • De Streek East
  • Twa yn ien
  • Unwaarskamp

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Berne yn Terwispel

  • Henk Hofstra (1952), keunstskilder en grafysk ûntwerper.
  • Atte Jongstra (13 augustus 1956), skriuwer, essayist en resensint

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, Bûtewei, De Dûker, De Streek, De Fûnken, De Wâlden, Griene Dyk, Harnemûne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, Mûnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen