Burgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Burgum
Flagge fan Burgum Wapen fan Burgum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Burgum
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2010) 10.082
Webstee http://www.burgum.info
de himrik fan Burgum
Gemeentehûs Tytsjerksteradiel
Juliana en Bernhardbank
Pr. Margrietkanaal, Burgumerdaam
Krústsjerke, súdmuorre
De Pleats, Burgum
Skoalstrjitte 84
Skoalstrjitte 86
Filla De Boek
Legewei 20
Grêfkelder famylje Ferf

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel en hat likernôch 10.100 ynwenners. Dit grutste doarp fan de gemeente is lytser as foar 1930, doe't Noardburgum ûnder Burgum foel. It leit oan it Prinses Margrietkanaal; nei it westen giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten fia de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Tsjin Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.

By Burgum krúst de N356 it wetter. Nei it noarden rint de wei troch de westkant fan it doarp en dan fierder nei Feanwâlden, en jout fia de krusing mei de 355 ferbining mei Hurdegaryp en Ljouwert. Nei it suden stekt de wei tusken Sumar en Garyp troch en jout sa ferbining mei Drachten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Bergum moat al oan it begjin fan it twadde milennium grut genôch west hawwe om der in tsjerke te bouwen; de Sint Niklaastsjerke is út de ein fan de 11e ieu of it begjin fan de 12e ieu. De augustynske mienskip fan Barrahûs ferfarre yn 1187 nei Burgum en stifte dêr it Niklaaskleaster, meastal oantsjut as it Berchkleaster. It kleaster hat oant 1570 yn gebrûk west, en is yn 1580 ôfbrutsen.

Yn Burgum stiet de 11e ieuske of 12e ieuske Sint Martinustsjerke. Hjir leit ek de 'Poppestien', in grutte swerfkei dêr't wat folkloare oan ferbûn is. Sa soe de stien helpe bij it krijen fan bern.

Burgum wie yn 1747 ien fan de earste plakken yn de destiidske Republyk dêr't it Pachtersoproer útbruts. Ut Grinslân en Fryslân wei fersprate dizze sosjale ûnrêst him nei oare dielen fan it lân.

Oarspronklik wie de buorskip Burgumer Daam it ienige part fan fan it doarp dat oan it wetter lei. Yn 1850 wie it noch sa dat de opfeart dy't fan dêr nei it noarden rûn de ferbining fan de buorren mei it wetter wie. De beide parten binne lykwols oanelkoar groeid, en it buorskip en de opfeart binne letter ferdwûn. Oant 1930 hearde ek de buorskip Noardburgum by it doarp, mar dat is dat jier in selstannich doarp wurden.

De namme fan it doarp betsjut likernôch op de hichten. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Kiehoal is it doarpshûs fan Burgum. ^Yn it adressebestân fan Doarpsbelangen Burgum steane 34 buertferienings ynskreaun. Der binne in iepenbiere skoalle It Partoer en twa kristlike skoallen De Arke en De Reinbôge. De skoallemienskippen CSG Liudger en OSG Singelland ha in lokaasje yn Burgum. De lokaasje Papilio is foar bern út it asylsikerssintrum, in bernedeiferbliuw "De Poppestien", pjutteboartersseal "De Berneboat", Speelotheek, bibleteek, apteek, sportfjilden, oerdekt swimbad "De Wetterstins", midgetgolfbaan, maneezje, fierljepskânsen, jachthaven, karthal en in iisbaan.

De Pleats[bewurkje seksje | edit source]

Kultureel sintrum "De Pleats", in kreaze âlde pleats mei it foarhûs dwers op de skuorre, is fan 1773. It wie earst fan de famylje Haisma, wêrfan it lid Tjalling Hajes Haisma yn de Frânske tiid "maire" fan de kommune Burgum wie. Oait waard de pleats by it kaarten ûnder ynfloed fan drank ferspile en gie sadwaande oer fan de famylje Haisma nei de famylje Ferf. Yn 1954 is it oankocht troch de gemeente en is it nei in restauraasje it doarpssintrum woarn mei in grutte seal en romten foar gearkomsten Op it hiem fan De Pleats is yn 1960 it Iepenloftteater makke. Dêryn wurdt elk jier yn juny in frysk toanielstik opfierd. In 2002 is it teater hielndal renovearre.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Burgumers[bewurkje seksje | edit source]

Befolkingsûntwikling[bewurkje seksje | edit source]

  • 1954 - 3.365
  • 1959 - 3.868
  • 1964 - 4.659
  • 1969 - 5.595
  • 1973 - 6.412
  • 1999 - 9.148
  • 2001 - 9.149
  • 2002 - 9.297
  • 2003 - 9.457
  • 2004 - 9.630
  • 2005 - 9.669
  • 2006 - 9.883
  • 2007 - 10.049
  • 2008 - 9.969
  • 2009 - 10.083
  • 2010 - 10.082

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Burgum.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • It doarp is ek de lokaasje fan it Wâldrock festival.
  • Yn 2009 waard foar de tsiende kear in ynternasjonaal Dûnsfestival hâlden.
  • Sûnt 1969 wurde der ljepwedstriden fan it FLB holden, oant 1972 op de Easterse Hei efter it molkfabryk, letter op in nije skâns.
  • Oan de Menno van Coehoornwei stiet Streekmuseum / Folksstjerrewacht

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]