Augustiner Koarhearen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Augustiner Koarhearen binne reguliere kanunniken. It is in kleaster fan ôfsûnderlike kongregaasjes of kleastergroepen dy't sûnt 1130 bûn wienen oan de regel fan Augustinus.

Fan de abdij Rolduc út is yn 1157 Lúntsjerk stifte, dêrnei de proasdijen of priorijen Barrakonvint, Achlum, Eanjum en Haske. Dy foarmen mei oare kleasters in kongregaasje ûnder lieding fan Rolduc. De koarhearen wijden har oan earetsjinst en stúdzje en libben fan grûnbesit. Yn de 13e ieu kaam der ferfal, wêrnei't herfoarming fan Windesheim folge út it fermidden fan Geert Grote. Yn 1406 ûntstie Thabor. Nei in algehiele herfoarming slueten de Fryske kleasters har yn 1429 oan by Windesheim. Yn de 16e ieu kamen der wer klachten. Tusken 1570-1580 ferdwûnen alle boppeneamde kleasters.

Foar frouljuskleasters sjoch: Regularissen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: