Barrahûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Barrahûs

Barrahûs of Barhûs is in aadlik hûs fan de Aylva's dat tusken Wurdum en Goutum stiet. Op it stee waard yn de 15e ieu faak de lândei fan Eastergoa holden. It hûs waard ferneatige yn 1492 yn de slach by Barrahûs.

States om Wurdum

Om Wurdum stienen eartiids in soad stinzen. Op it kaartsje binne oanjûn:

  • 1.Aytta State
  • 2.Unia
  • 3.Camstra
  • 4.Camstra (Bootsma)
  • 5. Grut Camminga (boppe), Ald- of Lyts Cammingha (ûnder)
  • 6. Barrahûs
  • 7. Jousma of Eysinga State

Ynhâld

Namme[bewurkje seksje]

De oarsprong fan de namme Barrahûs is net wis. De earste fernijings binne fan 1360, doe't skreaun waard oer Bergher huse, en 1348 mei Bergera Stenhuse. Der stie ek wier in stiennen hûs op dat plak: it kleaster fan Burgum, it Barrakonvint, hie der in fersterke hûs. De namme soe dan komme kinne fan dy fan it konvint, wat op himsels wer fan de namme Burgum komt.

Sêge[bewurkje seksje]

Oan de hjoeddeiske pleats by de eardere spoaroergong is in rôverssêge ferbûn oer it soldaatsje fan Barrahûs: In as frou ferklaaide rôverhaadman wurdt ûntmaskere troch de smjut in apel yn de skoat te smiten. Der stiet in it byldsje foar de pleats fan in soldaat foar de pleats, dat keppele is oan de sêge: Yn it ferhaal hat de soldaat holpen om de út harren mûklaach kommende bendeleden ûnskealik te meitsjen. It unifoarm fan it byldsje is dat fan it keizerlik ynfantery-rezjimint fan de keurfoarst fan Beieren (1741-1745). Oft it byldsje wier in ferbân hat mei de sêge, en wêrtroch de sêge oan dat stee keppele is, bliuwt lykwols tsjuster.

Lizzing[bewurkje seksje]

Der kin ûnderskied makke wurde tusken Ald-Barhûs, dat in gevel út de 18e ieu hat, en Nij-Barhûs, dêr't it byldsje stiet. Flakby Barrahûs is ek de Barhûstersyl, in âlde syl yn de Middelseedyk fan Eastergoa. Letter waard dit in binnensyl foar de ôfwettering fan it nijlân.

Sjoch ek[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Barrahuis.