Fierljeppen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Fierljeppen op It Hearrenfean
Fierljeppen op It Hearrenfean

Fierljeppen is in machtsport dy't fral yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân, in soad dien wurdt. Mei in pols moat sa fier mooglik oer it wetter hinne sprongen wurde.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Al op 5 augustus 1771 waard de earste offisjele fierljepwedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn Baard en waard organiseare troch Nanne Jetses. Sawat twa ieuwen letter, yn 1960, waard it Frysk Ljeppers Bûn (FLB) oprjochte. Dat bûn organisearret mei namme wedstriden yn Fryslân en Grinslân. Sa organisearet it FLB alle jierren it Frysk kampioenskip Fierljeppen. Dit wurdt altiten hâlden op de twadde sneon fan augustus, op de skâns fan Winsum. Mei de oprjochting fan it FLB koe in begjin makke wurde mei it strukturearjen fan de fierljepwedstriden. Tsien jier letter waard it Polsbûn Hollân oprjochte dat wedstriden yn oare parten fan it lân organisearre.

[bewurkje seksje] Sprong

De fierljepsprong bestiet út de oanrin nei de pols (dy't yn it wetter klearstiet), de ynsprong, it klimmen nei de top (by de sweef oer it wetter) en in útsprong mei lâning. Eardat de sprong makke wurde kin wurdt de pols earst (troch de ljepper of syn coach) op it krekte plak yn it wetter setten. De ljepper bepaalt sels de ôfstân tusken de ein fan de skâns en wêr't de pols komt te stean. Hoe grutter dizze ôfstân, hoe fierder der sprongen wurde kin, mar evenredich wurdt de kâns op mislearjen fan de sprong (it heljen fan in wietsprong) ek grutter. De pols wurdt mei in gaffelstôk troch de polshâlder op it goede plak holden. Dêrnei rint de ljepper nei it startpunt en jout oanwizings oan de polshâlder om de pols rjocht te setten. Hjirby wurdt as it nedich is rekken holden mei de wynrjochting. Eltse ljepper hat foar it meitsjen fan in sprong twa en in heale minút tiid; earst giet it ljocht op oranje en in heale minút letter op read. Springt de ljepper yn read ljocht, dan sil de sprong ûnjildich ferklearre wurde. Om in lêste oanwizing jaan te kinnen en foar de feilichheid rint der by de oanrin in oare ljepper of in coach mei. Der binne ferskate wizen fan ynspringen, trochswaaien en klimmen. Ek wurde der ferskate útsprongen tapast. Nei de lâning yn it sânbêd wurdt de sprongen ôfstân mjitten, fan de yn it sânbêd oanbrochte mjitline ôf. Dizze leit, mjitten fan de foarkant fan de skâns ôf, by de jonges/froulju op in ôfstân fan 12/13 meter, by de middelste skâns op 14 meter en by de manlju/senioaren skâns op 15 meter. De efterste yndruk yn it sânbêd is foar it mjitten fan de sprongen ôfstân bepalend. De ôfstân wurdt allinich opmjitten at de ljepper binnen de saneamde sektor lâne is. Dizze is oanjûn middels linten befêstige oan de mjitline. Fansels is de ljepper mei de fierste ôfstân de winner. De leden fan de Technyske Kommisje (TK-ers) karre foar elke wedstriid de akkomodaasje en hawwe by de wedstriid de skiedsrjochtersrol.

[bewurkje seksje] Rekord

Jierrenlang hat it rekord fan it fierljeppen by de mânlju senioaren op 19,40 meter ston, yn 1991 sprongen troch Aart de With út Benskop. Sûnt de ynfier fan de karbonpols yn 2006 is dit rekord oanskerpe. Op 2 july 2006 wie Bart Helmholt de earste dy't der oer hinne sprong; hy sprong doe nei de 19,48 meter. Ek op it stuit hat Bart Hemlholt it rekord yn hannen. Op 22 augustus 2007 wist er nei 20,76 meter te springen. Ek oare ljeppers hawwe ûnderwilens foarby it âlde rekord sprongen.

It rekord by de froulju is sûnt 2005 in hannen fan Sjoukje Tjalma. Sy sprong yn dat jier op it Frysk Kampioenskip yn Winsum 15,55 meter.

[bewurkje seksje] Nederlânske rekords

Kategory Namme Ofstân Datum/plak
Senioaren Bart Helmholt (Hurdegaryp) 20,76 meter 22 augustus 2007, Grypstsjerk
Junioaren Jaco de Groot (Kamerik) 20,41 meter 9 augustus 2006, Linskoaten
Jongen Alwin Fonk (Burgum) 18,45 meter 26 augustus 2006, Drylts
Froulju Sjoukje Tjalma (It Heidenskip) 15,55 meter 13 augustus 2005, Winsum

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings