Winsum (Littenseradiel)
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 260 | ||||
| Webstee | Webstee Winsum | ||||
Winsum is in doarp yn Littenseradiel mei 1.077 ynwenners (1 jannewaris 2003). It doarp leit noardwest fan Easterlittens ynklamme tusken de N384 en de Frjentsjerter Feart. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Winsum as ien fan de fyftjin doarpen diel út fan de eardere gemeente Baarderadiel, wêrby't Mantgum it haadplak wie.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
By opgravings fan de eartiidske terp yn Winsum is dúdlik wurden dat der yn de earste helt de 1e ieu al minsken wennen. Hiel bysûnder wienen de Romeinske fynsten lyks muntsjes dy't dien binne. Neist de Romeinske haven fan Felsen (Noard-Hollân) is Winsum nammentlik it iennichste plak yn Nederlân dêr't oant no ta de oanwêzigens fan Romeinske soldaten bûten de Romeinske ryksgrins bewiisd is. Spoaren fan in Romeinsk kamp binne lykwols net oantroffen.
Yn 1586 waard Winsum troch de Spaanske troepen delbaarnd.
By it ferfangen fan de houten flier yn de herfoarme tsjerke fan Winsum yn 2010 binne sân bysûndere grêfstiennen foar it ljocht kaam. It bestean fan 14 stiennen wie bekend, mar der blike 21 grêven ûnder de flier te lizzen. Fiif dêrfan binne fan Roomsken: sa lizze der foarâlders fan pater Titus Brandsma begroeven. Fierders waard it grêf fan de earste dûmny fan Winsum ûntdutsen, dy't yn 1599 stoar. De stiennen binne 100 jier lyn by in renovaasje ûnder de flier fuortwurke. Op in oar grêf dat koartlyn foar it ljocht kaam stiet skreaun dat de ferstoarne genôch jild achterlitten hat foar it behâld fan syn rêstplak en dat it grêf net iepene wurde mei.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Winsum diel út fan de gemeente Baarderadiel.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn Winsum wurdt alle jierren op de twadde sneon fan augustus it Frysk kampioenskip Fierljeppen hâlden.
- It doarp leit oan it Jabikspaad.
- Ungefear 400 meter ten súdeasten fan Winsum stiet de poldermole Langwert.
[bewurkje seksje] Mienskip
Winsum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn doarpssintrum “De Helling. De Mied'skoalle en De Stapstien binne de basisskoallen en It pjutteboartersplak hjit It Pikepôltsje. Yn it lêste wykein fan juny is it doarpsfeest. De wurkgroep Wolwêzen soarget meast foar in temajûn.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Nim it sa`t is - toaniel
- keatsferiening
- Folle(y)wille - follybal
- Topspin - tennis
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2003 - 1.077
- 2002 - 1.059
- 2001 - 1.034
- 2000 - 991
- 1999 - 990
- 1998 - 1.016
- 1995 - 1.009
- 1990 - 1002
- 1980 - 965
- 1970 - 948
- 1960 - 815
- 1950 - 693
- 1940 - 598
[bewurkje seksje] Berne yn Winsum
- Johannes Meynen (13 april 1901), politikus († 1980)
- Douwe Tamminga (22 novimber 1909), dichter en oersetter († 2002)
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Winsum.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|