19 augustus
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18 - 19 augustus - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26
19 augustus is de 231e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 232e dei).
Der folgje noch 134 dagen.
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 1419 - Yn de Grutte Fryske Oarloch falt in Fetkeapersk legerke Frjentsjer oan, de oanfal mislearret en yn de slach by Miedum wurde de Fetkeapers ferslein troch Sikke Sjaarda.
- 1493 - Maksimiliaan I wurdt keizer fan it Hillige Roomske Ryk
- 1919 - Afganistan wurdt ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 1960 - De Spoetnik 5 wurdt lansearre, mei de hûntsjes Bjelka en Strelka, twa ratten en fjouwer mûzen, de earste skepsels dy't nei in romteflecht werom kamen op ierde.
- 1964 - Lansearring fan de earste geostasjonêre satellyt, de Syncom3.
- 2000 - De werboude Kristus-Ferlosserkatedraal yn Moskou wurdt wijd.
Berne [bewurkje seksje]
- 1596 - Keniginne Elizabet fan Bohemen, ek wol de Winterkeniginne neamd († 1662).
- 1647 - Hector fan Glinstra, Frysk bestjoerder, grytman fan Tytsjerksteradiel († 1705).
- 1871 - Orville Wright, Amerikaansk fleantúchpionier († 1912)
- 1921 - Gene Roddenberry, tillevyzjemakker en betinker fan Star Trek († 1991).
- 1946 - Bill Clinton, presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika.
- 1961 - Gerrit Hiemstra, waarman by it NOS-sjoernaal.
- 1970 - Fat Joe (Joseph Antonio Cartagena), repper út de Feriene Steaten.
- 1982 - Bart Helmholt, Frysk Fierljepper út Hurdegaryp.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 14 - Romeinsk keizer Augustus (* 63 f.Kr.).
- 1139 - Godfried fan Namen (* 1096).
- 1493 - Freark III, keizer fan it Hillige Roomske Ryk
- 1662 - Blaise Pascal, Frânsk filosoof, teolooch, wiskundige en natuerkundige (* 1623).
- 1819 - James Watt, Skotsk útfiner fan de stoommasine
- 1872 - Karel XV fan Sweden, kening fan Sweden en as Karel IV kening fan Noarwegen
- 1923 - Vilfredo Pareto, Italjaansk ekonoom (* 1848).
- 1977 - Groucho Marx, komyk en akteur (* 1890).
- 1981 - Jaap van Hattum, Nederlânsk skriuwer fan Frysk komôf (* 1900).
- 1986 - Jaap Burger, yn 1944 as Ingelânfarder opnomd yn it Kabinet-Gerbrandy II en eardere foarsitter fan de VARA.
- 2002 - Eduardo Chillida, Spaansk-Baskyske byldhouwer (* 1924).
- 2005 - Gertie Evenhuis, skriuwster fan jongereinboeken
12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18 - 19 augustus - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier