Warkum

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Warkum
De slûs by Warkum

Warkum (Workum), it haadplak fan de gemeente Nijefurd, is in stêd yn it súdwesten fan Fryslân, mei 4167 ynwenners.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Warkum in selsstannige gemeente.

Ta Warkum heart ek de buorskip It Heidenskip.

De Sint-Werenfridustsjerke út 1877 is de roomske tsjerke fan Warkum.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De stêd is ûntstien oan de Wimerts, en oant yn de 19e ieu rikte de súdein oan de Sudersee ta, dêr't de Wimerts yn It Soal oergong, in soal tusken De Bank en it Warkumer Nijlân troch. Hoewol't Warkum net oan see lei, koe fia It Soal dochs de see berikt wurde. Yn it soal leit dan ek in slûs, in pear kilometer fan de seedyk ôf. By dy slûs stiet skipswerf De Hoop, dêr't al hûnderten jierren skippen boud en restaurearre wurde. Mar hjoeddedei lizze foar de kust de polders it Griene Strân en it Giele Strân, sadat Warkum no net mear oan see leit. De Wimerts is dimpt en it Soal is no in brede feart tusken Warkum en de Iselmar.

Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn Londen ferkochten. Mar Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn 1504 de Warkumer Jellen de standert foar gâns Fryslân waard. Mar ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer Kerfsneedstienwurk ûntwikkele hawwe. En fansels wie en is der, in soad skipsbou in Warkum.

Warkum wie ek it berteplak fan Jopie Huisman en yn de stêd is sûnt 1986 it Jopie Huisman Museum festige.

De havenregistraasjekoade fan Warkum wurdt foarme troch de letters WK.

[bewurkje seksje] Eveneminten

Yn de hjerstfakânsje wurde jierliks de Fiskerijdagen, it Beurtfear en de Strontrace organisearre. Yn septimber is der de jierlikse Feekeuring, eventueel kombinearre mei in Gondelfeart op jûn.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Mienskip

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Festivals

  • Brij Blues
  • De Paupers - rockevenemint
  • Septimberpop
  • Shantyfestival

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Berne yn Warkum

[bewurkje seksje] Ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Warkum.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


Internet-web-browser.svg 52° 59' NB, 5° 27' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings