It Hearrenfean (plak)
| It Hearrenfean | ||
| Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs) | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 29.204 (2010) | |
| Hichte | 0,5 m. boppe seenivo | |
| Polityk | ||
| Lân | Nederlân | |
| Provinsje | Fryslân | |
| Gemeente | It Hearrenfean | |
| Oar | ||
| Stifting | 1551 | |
| Postkoade | 8441-8448 | |
| Koördinaten | 52° 57′ NB, 5° 55′ EL | |
| Webside | Webside gemeente It Hearrenfean | |
It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Der wenje 29.204 minsken (2010). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslân, mar is net ien fan de alve Fryske stêden.
Yn earder tiden waard it plak mei It Oranjewâld derby ek wol It Fryske Haachje neamd. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken út de omkriten is It Fean. Nei bûten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportstêd mei ûnder oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion.
De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak dêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar komme.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Om It Hearrenfean hinne lizze ferskate feangrûnen. Yn in fier ferline wie bewenning allinnich mar mooglik op de hegere sângrûnen. Dy leinen nei it easten en it súdeasten ta. Yn de wiete grûn koe nei ferrin fan tiid fean ûntstean. Westlik fan It Hearrenfean leit it Fryske marregebiet, noardlik leit it lege midden en eastlik fan It Hearrenfean leit it boskgebiet Oranjewâld. Súdlik fan It Hearrenfean leit de Tsjonger.
Kanaaldoarpen as It Hearrenfean hawwe as kenmerk de lintbebouwing en dit hat as gefolch hân dat It Hearrenfean oan in soad buordoarpen fêstgroeid is en in totale lingte fan meer as acht kilometer hat (fan noard nei súd by it spoar lâns besjoen). Troch nije wenwyk Skoatterwâld en it Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân is it plak yn 'e breedte groeid. Mei de nije stedsgebieten derby rekkene is it plak oer it generaal net breder as fjouwer kilometer.
Buorgemeenten fan It Hearrenfean binne mei de klok mei: Boarnsterhim, Opsterlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Skarsterlân.
Stedsyndieling [bewurkje seksje]
De Wikipedy hat ek in side strjitten yn it Hearrenfean.
| # | Namme | Postkoade | Bou | Ynwennertal | Funksje/bysûnderheden |
|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Noard | 8441 | 20e ieu | 3.600 | Blommebuert, sikehûs De Tsjongerskâns |
| 2 | Sintrum | 8442 | 16e ieu | 2.700 | Winkels, útgeanssintrum, Flinterbuert |
| 3 | Lege Midden | 8442 | 20e ieu | 3.500 | |
| 4 | Ikkers | 8443 | 20e ieu ('60 jierren) | 2.000 | Strjitnammen: Waadeilannen en kriten |
| 5 | Ten Woude | 8443 | 20e ieu | 1.100 | |
| 6 | De Greiden | 8446 | 20e ieu ('70 jierren) | 7.800 | Fûgel-, wetter-, boate-, krûdebuert. Winkelsintrum. |
| 7a | De Heide | 8445 | 20e ieu ('80 jierren) | 1.500 | |
| 7b | Heidemar | 8445 | 20e ieu ('90 jierren) | Golfbaan yn beboud parklânskip | |
| 8 | Nijehaske | 8447 | 20e ieu ('80 en '90 jierren) | 3.500 | |
| 9 | Skoatterwâld | 8448 | 21e ieu | 2.000 | Swannewâld |
| 10 | De Mar | 8448 | 800 | ||
| 11 | Ljouwerterstrjitwei | 8441 | 150 |
Taljochting:
- Ynwennertal neffens sifers CBS.
- Postkoade 8444 is Hearrenfean-Súd.
- In part fan de wyk Ten Woude is nij. Op it plak dêr't eartiids in iepenloftswimbad, túnsintrum en kuorbalfjilden wienen binne letter nije huzen boud. Noardlik fan de Keninginne Julianawei wie foar de midden fan de tachtiger jierren allinnich mar bebouwing oan de Boargemaster Falkenawei, Van der Sluisleane, Binnenwei en Parkwei.
- Sportstêd Hearrenfean is op de kaart net yndield. It stedsdiel Sintrum en Sportstêd Hearrenfean wurde tegearre "Sintrum-Breed" neamd.
- De doarpen Nijbrêge en Haskerdiken sille nei de gemeentlike werykdieling ûnderdiel wêze fan de gemeente It Hearrenfean.[1] De doarpen slute op de wenwyk Ljouwerterstrjitwei oan.
- Yndustrygebiet
| # | Namme | Plak |
|---|---|---|
| A | Kanaal | noardlik fan A7, westlik fan A32 |
| B | Ljouwerterstrjitwei | noardlik fan A7, westlik fan A32 |
| C | Businesspark Fryslân | súdlik fan A7, westlik fan A32 |
| D | De Kavels | súdlik fan A7, westlik fan A32 |
| E | Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân (YBF) | súdlik fan A7, eastlik fan De Kavels/A32 |
| F | It Mar | súdlik fan A7, westlik fan A32 |
| G | It Hearrenfean-Súd | westlik fan A32 |
| H | Nijskoat | westlik fan A32 |
Skiednis [bewurkje seksje]
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan It Hearrenfean.
Stifting [bewurkje seksje]
It Hearrenfean is net it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. It plak is yn 1551 ûntstien op it krúspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, dy't beide oanlein binne foar it ferfier fan de turf. Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol-Ljouwert. It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se de Skoatterlânske Feankompanjy op mei as doel grutte stikken lân te keapjen om oan feanûntginning te dwaan. Dêr komt de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Crackstate waard yn 1648 as wenhûs boud troch Johannes Sytzes Crack. Neffens alle wierskyn op itselde plak dêr't syn heit yn 1608 al in stins boude; it earste Crackstate. De Oenemastate oan de Lindegrêft is yn 1640 boud. Yn 1637 waard de Skoatterlânske Krústsjerke oan de Hearresleat en de hjoeddeistige Lindegrêft boud. De tsjerke waard fanwege brân yn 1969 sloopt.
Fryske Wetterliny [bewurkje seksje]
Yn it tiidrek 1581-1594 waard troch de Steaten fan Fryslân en steedhâlder Willem Loadewyk om ferskillende skânsen op te smiten.[2] Dy skânsen foarmen mei elkoar de Fryske Wetterliny. De Skoatterskâns is yn 1598 oanlein[3], by de Skoatterbrêge oer it Tsjonger by Aldskoat, en wie in ûnderdiel fan dy wetterliny.[4] Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen troepen fan Bearend fan Galen in oanfal op de Skoatterskâns, dy’t oan trije kear ta ôfslein waard troch de militêren dy’t op It Hearrenfean leinen.
19e ieu: Hegerein en it sosjalisme [bewurkje seksje]
Om 1830 hinne siet it ynwennertal krekt ûnder de 3.000 minsken.[5] Yn de rin 19e ieu ûntwikkele It Hearrenfean him trochdat, behalve dat der begoedige boargers wienen, der ek in soad middenstân kaam. En mei it tichtbylizzende It Oranjewâld wurdt it plak sûnt dy tiid ek wol It Fryske Haachje neamd. De feanarbeiders hienen it gâns minder. Yn de twadde helte fan de 19e ieu en oan it begjin fan de 20e ieu wennen dy yn spitketen op it lân. Yn it súdeasten fan de provinsje kaam yn dy tiid it sosjalisme op. De helden fan de arbeidersklasse wienen Piter Jelles Troelstra en Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 1888 troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn it kiesdristrikt Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid.
20e ieu: Weryndieling, Wrâldkriich en útwreiding [bewurkje seksje]
Der wie lykwols ien bestjoerlik probleem foar It Hearrenfean. Troch it plak rûn de grins fan de twa gemeenten; Aengwirden en Skoatterlân. Pas op 1 july 1934 waard út stikken fan dizze twa gemeentes, en in stikje fan de gemeente Haskerlân, de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije gemeente. Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat ûnder de namme It Hearrenfean-Súd by it plak It Hearrenfean.
Op 10 maaie 1940 foel Dútslân Nederlân binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjes waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje, dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen rûnen de Dútsers troch It Hearrenfean en Ljouwert. Yn 1944 waarden ferskate bern fan Amsterdamske fuotbalferienings nei It Hearrenfean ta stjoerd. De bern hienen it yn de hongerwinter gâns better yn Fryslân. Hja krigen mear iten as dat se yn Amsterdam krije soenen en boppedat stie de 'útwiksel' yn it ramt fan fuotbal.[6] Yn de Twadde Wrâldkriich waard Crackstate troch de Dútsers as finzenis brûkt. Crackstate wie in plak dêr't finzenen hiel swier martele waarden. By de befrijing fan It Hearrenfean op 14 april 1945 kamen mear as 60 finzenen frij, de measten wienen slim tamtearre. De Feansters hawwe de finzenis sels op 14 april 1945 iepen makke, mar se wienen der net wis fan oft de Dútsers al of net fuort wienen. Ut it suden wei kamen letter dy dei de Kanadezen.[7] Yn in gefjocht by De Tynje wurdt fersetstrider Sieger van der Laan troch in Dútser deasketten.[8] Itselde lot oerkomt Jan Harm Kruis dy dei by Haskerdiken.
Nei de Twadde Wrâldkriich wreide It Hearrenfean him út. It Hearrenfean westlik fan it spoar fan Swol nei Ljouwert (Nijehaske, De Greiden, De Heide) waard nei de Twadde Wrâldkriich boud. Eastlik fan it spoar waard de Ikkers as folslein nije wenwyk yn de sechtiger jierren oanlein. In part fan de wenwyk Midden bestie al foar de Twadde Wrâldkriich, mar it grutste part fan de wyk is nei de Twadde Wrâldkriich boud. Mei Hearrenfean Noard lei de sitewaasje der itselde hinne. Thialf waard yn 1967 iepene as in iisstadion mei in bûtendoar keunstiisbaan. Yn 1986 waard de baan feroare yn in binnendoarbaan, de twadde yn de wrâld, en de earste mei in frije kape. It wie op dat stuit de fluchste baan yn de wrâld, mei yn it earste seizoen 10 wrâldrekords. Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dúdlik dat it âlde Sportpark Noard te lyts wie foar de ambysjes fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Der waard besletten om in nij stadion te bouwen oan de eastkant fan It Hearrenfean. Yn augustus 1994 waard de earste wedstryd yn it nije Abe Lenstra Stadion spile. Yn septimber 1999 waard de sneldyk A32 offisjeel iepensteld.[9]
21e ieu [bewurkje seksje]
Eastlik fan de A32 waard oan it begjin fan de 21e ieu begûn mei de oanlis fan de wenwyk Skoatterwâld. Yn 2006 waard Sportstêd It Hearrenfean offisjeel iepene.[10]
Ferdivedaasje [bewurkje seksje]
|
Rekreaasjegebiet De Heide
|
It Posthûs Teater is it iennichste teater op It Hearrenfean en omkriten. It teater hat sa'n 400 sitplakken. It Museum Belvédère yn it easten fan de wenwyk Skoatterwâld is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst. De Rinkelbom yn wenwyk De Greiden is in muzyksintrum. It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse hat op It Hearrenfean de Fryske Krite 't Hearrenfean. De organisaasje fan De Rinkelbom wurket gear mei it Sintrum foar de Keunsten a7, dy't ek yn de Hearrenfeanske Skoalle fertsjintwurdige is. It Sintrum foar de Keunsten a7 ûndernimt ferskate aktiviteiten op it mêd fan teater, muzyk, dûns, literatuer en byldzjende keunst.
Yn de Hearrenfeanske Skoalle oan de eastkant fan it sintrum binne fêstige:
- It Museum Willem van Haren is in kultuerhistorysk museum mei ferskate útstallings. Yn it museum is in maquette fan It Hearrenfean yn it jier 1830 makke. It is de grutste stedsmaquette fan Nederlân.[11] Oan it Boargemaster Kuperusplein sit in bioskoop mei fjouwer sealen en in iepenbiere bibleteek.
- It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum.
- Keunstromte It Hearrenfean.
- Kreaktiviteissintrum De Cirkel.
Eveneminten [bewurkje seksje]
De woansdei foar Pinkster begjint de jierlikse merke op it Kuperusplein. De twadde Pinksterdei is de lêste dei fan de merke. Op de twadde Pinksterdei wurdt ek de jierlikse Skoattermerk yn Aldskoat hâlden.
Sport [bewurkje seksje]
Mei It Hearrenfean Sportstêd wurdt bedoeld dat It Hearrenfean bekend stiet as in plak dat op sportgebiet in soad te bieden hat. Der is ek de oantsjutting Sportstêd It Hearrenfean, dat brûkt wurdt foar de lokaasje om it fuotbalstadion. Yn 2007 waard sportkompleks (swimbad) De Telle sloopt. It nije swimbad is ûnderdiel fan Sportstêd Hearrenfean. By it SKS Skûtsjesilen is it Feanster skûtsje Gerben van Manen 16 kear (stân 2008) kampioen west.
De grutste sportfasiliteiten fan It Hearrenfean binne:
- Abe Lenstra Stadion, it fuotbalstadion dêr't SK It Hearrenfean fuotballet. It stadion hat likernôch 26.400 sitplakken.
- Yn Thialf is by reedriderswedstriden plak foar 10.000 minsken op de tribune.
- Yn de iishockeyhal by Thialf spylje de Flyers It Hearrenfean. Yn de iishockeyhal is plak foar 3.000 minsken op de tribune.[12]
Sportkompleksen op It Hearrenfean binne:
- Sportstêd It Hearrenfean: swimbad en sporthal. Swim- en Poloclub HZ&PC
- Sportkompleks De Ikkers: fuotbal Hearrenfeanske Boys
- Sportkompleks De Greiden: fuotbal VV Nijskoat, fuotbal Cruyff Court, atletyk AV ‘55
- Sportkompleks De Heide: kuorbal Blau Wyt, hockey Quick Stick
- Sportkompleks Skoatterwâld: fuotbal SK It Hearrenfean, SK It Hearrenfean (frouljusfuotbal)
- Golfbaan Heidemar -golf
- Tennispark It Oranjewâld
- Tennispark Ten Woude
- Tennis- en Squashhal
- Bowlingsintrum
Stedsbyld [bewurkje seksje]
It Hearrenfean hat twa stinsen. Beide hearre ta de 25 ryksmonuminten. Crackstate is ûnderdiel fan it gemeentehûs fan It Hearrenfean en Oenemastate, foarhinne gemeentehûs fan Skoatterlân en It Hearrenfean is no in stedskafee. De ienige mole dy't It Hearrenfean noch hat is de nôtmole Welgelegen.
Oant yn de jierren 80 fan de foarrige ieu stie der yn it sintrum in wettertoer. De 17e ieuske Skoatterlânske Krústsjerke yn it sintrum waard yn 1969 sljochte. Ek it âlde stasjonsgebou út 1868 stiet net mear oerein. Yn 1984 is it nije stasjonsgebou iepene.[13]
De heechste gebouwen yn It Hearrenfean binne de trije Muntflats: Lânsicht, Romsicht en Heechsicht. De bouwurken binne 15 ferdjippings heech en begjin jierren 70 boud.
-
Mûne Welgelegen
Parken [bewurkje seksje]
De Heide is it rekreaasjegebiet fan It Hearrenfean dêr't de minsken swimme, fiskje en kuierje kinne. De Heide is yn de tachtiger jierren ûntstien nei jierren fan sânôfgravings. Yn de wenwyk Ten Woude, eastlik fan wenwyk de Ikkers, leit it park Ten Woude mei in lyts dierepark. Yn it noarden fan It Hearrenfean foarmet it Hepkema's Bosk mear in echte bosk as in part. De tunen oan de Kennedyleane en Europaleane mei in langte fan 1 kilometer binne ein jierren sechtich en begjin jierren santich troch Louis le Roy oanlein. Yn de santiger jierren kamen tûzenen minsken nei de tunen sjen.[14][15] Oan de strjitte Efter de Tsjerke waard yn juny 2009 it Amelius van Oenemapark iepene. Yn it park binne de fûneminten fan de Nederlânske Herfoarme Krústsjerke restaurearre, dy't yn 1969 ôfbrutsen wie. Krekt bûten It Hearrenfean leit it Parkgebiet It Oranjewâld mei de Oertún
Monuminten (tinktekens) [bewurkje seksje]
Kriichsmonuminten binne it Oarlochsmonumint It Hearrenfean (27 slachtoffers Twadde Wrâldkriich) en it Nederlânsk-Ynje monumint
Befolking [bewurkje seksje]
De ynwenners fan It Hearrenfean wurde ornaris Feansters neamd. De talen dy't op It Hearrenfean praat wurde binne Frysk en Nederlânsk. Ut en troch ferskine der stikken oer it Feanstersk (ek wol Feensters), dat in dialekt fan it Stedsfrysk wêze soe.
- Untjouwing ynwennertal
| 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
|---|---|---|---|---|---|
| 28.514 | 28.475 | 28.497 | 28.628 | 29.021 | 29.204 |
Religy [bewurkje seksje]
Oare tsjerken op It Hearrenfean binne de Fonteintsjerke (Midden), Kristengemeente De Weg (Ikkers), Pinkstergemeente Philadelphia (Noard, oan de sintrumkant), Frije Baptistegemeente Elim (Sintrum), Baptisten Gemeente It Hearrenfean (Noard).
Yn 1819 waard oan de Hearewâl in synagoge boud. Yn 1899 wie de Joadske mienskip yn It Hearrenfean op syn hichtepunt mei 71 leden. Yn 1933 gie de Joadske gemeente fan It Hearrenfean gear mei dy fan Snits. Yn itselde jier waard de synagoge op It Hearrenfean ôfbrutsen. Yn de maitiid fan it jier 2000 wie op It Hearrenfean de oprjochting fan de Liberaal Joadske Gemeente foar Noard-Nederlân Beth Hatsafon, in gemeente mei 36 leden.[16]
De Jehova's Tsjûgen hawwe in gebou op De Greiden.
De Turkske moskee op It Hearrenfean stiet oan de Hesselstrjitte yn it noardwesten fan de wyk Midden. De Marrokaanske moskee sil bout wurde oan de Amelânleane.[17]
Op It Hearrenfean binne trije lôges fan de frijmitselderij:
- Op It Hearrenfean wie sûnt 5 oktober 1911 in frijmitselerslôge fêstige ûnder de namme KenUzelven. Yn it ferline wie Johan Winkler Prins ien fan de leden. De frijmitselers kamen gear yn it kafee Paul Kruger. Letter krige de lôge in eigen gebou. It gebou waard om hege ûnderhâldskosten ferkocht. De leden komme no gear yn in lôgegebou yn Hoarnstersweach.
- De Iris Rebekkah Lôge Nr 21.
- De Johan Willem Friso Lôge Nr 61.
Ekonomy & ynfrastruktuer [bewurkje seksje]
Bekende bedriuwen yn It Hearrenfean binne: Batavus, Koga-Miyata, Jongbloed en VDL Berkhof (Hainje). De grutste wurkjouwer fan It Hearrenfean en de omkriten is it sikehûs De Tsjongerskâns.[18] De measte yndustry fan It Hearrenfean sit oan de sneldyk A7, de saneamde A7-sône. In protte bedriuwen yn de tsjinstferlienende sektor sitte yn it stadiongebiet (Abe Lenstra Stadion), it stasjonsgebiet en oan de eastlike K.R. Poststrjitte, justjes noardlik fan it fuortbalstadion.
It persintaazje wurkleazen leit om de 5,9 persint (2009/10).[19]
- Winkelgebiet
It Hearrenfean hat ferskate winkelstrjitten lykas de Dracht, Sievertstrjitte, Lindegrêft, Pleinwei, Minckelerstrjitte, Fleismerke. Sneon is der merk yn de Sieverstrjitte en it Gemeenteplein.
Parkearplakken binne der oan it Moleplein (160 parkearplakken), Boargemaster Kuperusplein (280), Gashâldersplein (180), Ernst van Harenplein (80). Oan de tsjerkestrjitte yn it sintrum leit de ûndergrûnse parkeargaraazje Geerts Willigen mei twa ferdjippings en 325 parkearplakken. Yn it sintrum fan It Hearrenfean wurdt sûnt 1999 betelle om parkearje te meien.
Ynstânsjes [bewurkje seksje]
De Wikipedy hat ek in side It Hearrenfean (gemeente).
It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean en foar de minsken út de omkriten hat It Hearrenfean in sintrumfunksje. It gemeentehûs stiet oan de Crackstrjitte en is ferbûn mei Crackstate. De brânwacht fan It Hearrenfean sit oan It Hege Stik (Ikkers, oan de kant fan de Rottumerwei). It plysjeburo sit oan de Atalantastrjitte, tusken it sintrum en it Abe Lenstra Stadion yn. Oan de Weegbree op De Greiden sit in stipepunt fan de plysje. Oan de Thorbeckestrjitte is it kantongerjocht fêstige. Oan de trambaan sit in regionaal belestingkantoar.
Underwiis [bewurkje seksje]
Skoallen mei iepenbier basisûnderwiis binne: De Kommanderije, Ekke de Haan, De Letterbeam, De Ljepper, Van Kleffensschool, Van Maasdijkskoalle. Kristlike basisskoallen binne: De Akker, De Burcht, De Hoekstien, It Kompas, De Roergonger.
De Meester Duisterhoutschool is in iepenbiere skoalle foar spesjaal ûnderwiis foar bern dy't grutte swierrichheden mei it learen hawwe en foar bern mei in (geastlike) handicap. De skoalle hat twa lokaasjes op It Hearrenfean (Gooilandleane en Engelsmanstrjitte) en ien yn Easterwâlde.
Fan VMBO oant en mei gymnasium wurde alle farianten fan it fuortset ûnderwiis op It Hearrenfean oanbean. It Bornego Kolleezje is in kristlike skoalle foar VMBO, HAVO, Ateneum en Gymnasium mei lokaasjes oan de Kingwei (De Greiden) en oan de Boargemaster Falkenawei (Hearrenfean-Midden). De OSG Sevenwolden hat ferskate lokaasjes op It Hearrenfean. De Skoallemienskip foar beropstariedend Underwiis (SBO) en de OSG Sevenwolden hawwe begjin 2009 it VMBO-plein oan de Kingwei (oan de krusing mei de Rottumerwei) iepene.
It Fryslân Kolleezje jout ferskate MBU-opliedingen lykas it CIOS en in oplieding foar ferfier en logistyk.
Sportstêd It Hearrenfean is ien fan de fjouwer plakken yn Nederlân mei in Sintrum foar Topsport en Underwiis[20]
Media [bewurkje seksje]
Op It Hearrenfean wurde twa provinsjale deiblêden besoarge; it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. De Hearrenfeanske Krante en De Koerier binne ferskine ien kear yn 'e wike. Omrop Fryslân is de regionale radio- en TV-stjoerder.
Ferkear en Ferfier [bewurkje seksje]
Auto [bewurkje seksje]
Knooppunt It Hearrenfean, in klaverbled fan de autosnelwei A7 en A32.
Trein [bewurkje seksje]
It Hearrenfean leit oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. Der binne twa treinstasjons:
- Stasjon It Hearrenfean (P+R)
- Stasjon It Hearrenfean Iisstadion wurdt ornaris foar spesjale eveneminten yn Thialf brûkt.
Skipfeart [bewurkje seksje]
Hearresleat, Nije Hearrenfeanster Kanaal, Engelenfeart (allinnich plesierfeart)
Fyts [bewurkje seksje]
LF-rûte. It Hearrenfean leit oan de Reidlânrûte (LF3) en oan de Flevorûte (LF20).
It Japikspaad is sawol in fyts- as kuierrûte dy't fan Sint Jabik oer It Hearrenfean nei Hasselt ta rint.
Bus [bewurkje seksje]
Buslinen dy't riden wurde troch Connexxion:
- Line 28: It Hearrenfean - Nijbrêge - Haskerdiken - Akkrum - Jirnsum - Friens - Reduzum - Wytgaard – Wurdum Rykswei - Goutum Rykswei - Ljouwert vv.
- Line 41: It Hearrenfean - De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint Nyk - Spannenburch vv.
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
- Line 198: It Hearrenfean - Nijehaske - Aldehaske - Haskerhoarne - De Jouwer - Snits - Nijlân Rykswei - Boalsert vv.
- Line 199: It Hearrenfean - De Jouwer - Toppenhuzen - Snits - Nijlân Rykswei - Boalsert vv.
- Q-liner 315: Grins (stêd) - It Hearrenfean - De Jouwer - De Lemmer - Emmeloard - Lelystêd vv.
- Q-liner 351: It Hearrenfean - Joure - Snits - Boalsert vv.
Linen fan ferfierder QBuzz:
- Line 10: It Hearrenfean – De Knipe – Langsweagen – Gordyk – Lippenhuzen – Terwispel – Beetstersweach – Olterterp – Drachten – Nyegea – Sumar – Burgum – Hurdegaryp – Tytsjerk - Ljouwert vv.
- Line 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam - Ketlik - Nijhoarne - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Hoarnstersweach - Donkerbroek - Easterwâlde - Appelskea - Smilde - Bovensmilde - Assen vv.
- Line 18: It Hearrenfean – Lúnbert – Tsjalbert – Gersleat – Lúkswâld – De Tynje - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
- Line 26: It Hearrenfean - Aldskoat - Wolvegea - De Blesse - Steggerda - Finkegea - Noardwâlde vv.
- Line 100: It Hearrenfean – Drachten – Mearum Rykswei – Boerakker Rykswei – Midwolde Rykswei – Hoogkerk - Grins vv.
- Line 215: It Hearrenfean – De Knipe – Bontebok – Ketlik – It Oranjewâld – Bontebok - De Knipe - It Hearrenfean.
- Lijn 310: It Hearrenfean – Drachten vv.
Bekende Feansters [bewurkje seksje]
- Willem van Haren (6 jannewaris 1655), grytman († 1728)
- Albert Gillis von Baumhauer (10 oktober 1891), loftfeartpionier, († 1939)
- Eelco Nicolaas van Kleffens (17 novimber 1894), politikus († 1983)
- Abe Lenstra (27 novimber 1920), fuotballer († 1985)
- Wim Duisenberg (9 july 1935), ekonoom, politikus en bankier († 2005)
- Sikke Doele (1 febrewaris 1942), auteur († 2002)
- Jacques Tichelaar ( 2 jannewaris 1953), politikus
- Margriet Zegers ( 29 april 1954 ), hockeyspiler
- Jacob de Haan ( 28 maart 1959), komponist
- Eric Hoekstra ( 6 april 1960 ), taalkundige, auteur
- Onno Meijer ( 23 july 1960 ), akteur en regisseur
- Nico Jan Hoogma (26 oktober 1968), fuotballer en bestjoerder
- Falko Zandstra (27 desimber 1971), hurdrider, selsstannich ûndernimmer
- Sven Kramer (23 april 1986), hurdrider
- Geert Arend Roorda ( 2 maart 1988), fuotballer
Sjoch ek: List fan Hearrenfeansters