Eric Hoekstra
Eric Hoekstra (*6 april 1960, It Hearrenfean ) is in Frysk skriuwer. Hy publisearre sawol poëzij as proaza. Hy is benammen bekend fanwege syn oersettingen nei it Frysk fan it wurk fan Friedrich Nietzsche. Hy krige dêrfoar yn 2002 de Dr. Obe Postmapriis.
Hoekstra is fierder bekend as literatuerkritikus en kollumnist. Under eigen namme en ûnder de pseudonimen 'Dr. Gleon', 'Dr. Tsjoen' en 'Justus' skreaun hy bydragen yn it Frysk Deiblêd en yn de tydskriften Kistwurk, Farsk, De Moanne, Hjir en Erosmos.
Eric Hoekstra hat in lange rige taalkundige publikaasjes op syn namme stean. Sa publisearre hy oer de Fryske ynfloeden yn Hollânske dialekten, dialektology, syntaksis, taalpolityk en taalferoaring. Eric Hoekstra is foarsitter fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân.
Yn febrewaris 2007 húsmanne Eric Hoekstra, lykas Diogenes 2500 jier dêrfoar, in wike lang yn in houten tonne.[1]
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wurk
- 2000: De floeibere bân (dichtbondel)
- 2002: Yn 'e fal fan jûn (poetysk wurk, skreaun mei Eeltsje Hettinga ûnder it pseudonym Hu Thung Song)
- 2007: Kening fan de junks (roman)
- 2007: Libje goed: op nei de tonne (roman)
[bewurkje seksje] Oerset wurk
- 2000: Dat sei Zarathustra: in boek foar alleman en gjinien (oersetting fan Also sprach Zarathustra, Friedrich Nietzsche)
- 2003: Oarekant goed en kwea: foarspul fan in filosofy fan 'e takomst (oersetting fan Jenseits von Gut und Böse, Friedrich Nietzsche)
[bewurkje seksje] Referinsjes
- ↑ Erik Hoekstra yn de tonne (sjoen op 10 feb. 2010)