Dr. Obe Postmapriis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Dr. Obe Postmapriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten ynstelde literatuerpriis foar oersetters, neamd nei de Fryske dichter en oersetter Obe Postma.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Omskriuwing

De priis wurdt takend oan de bêste oersetting fan de foarôfgeande perioade. Dy perioade is by it ynstellen fêststeld op trije jier, lykas dat doe ek foar de Gysbert Japicxpriis fêststeld waard. De priis is yn 1984 foar it earst útrikt, en bestie doe út in oarkonde en in priis fan 1500 gûne. De priis wurdt tagelyk mei de Fedde Schurerpriis útrikt op it Provinsjehûs.

[bewurkje seksje] Wegering

Yn 1987 wie de priis takend oan de oersetters fan de stikken fan Tryater. Dy priis is doe net útrikt, om't in part fan de oersetters fûn dat de sjuery ien inkelde oersetting en oersetter útkieze moatten hie.

[bewurkje seksje] Priiswinners

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen