Friezen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Friezen
Flagge fan Friezen
Regio dêr't de Friezen libje
Regio dêr't de Friezen libje
Talen Frysk, Sealterfrysk, Noardfrysk, Nedersaksysk, Nederlânsk, Dútsk
Tal minsken likernôch 1,500,000
Religy Kristendom
Besibbe etnyske groepen Britten, Denen, Dútsers, Nederlanners

De Friezen binne in etnyske groep yn Denemark, Dútslân en Nederlân. Harren taal is besibbe mei it Ingelsk en it Skotsk; meiïnoar foarmje dizze talen de Noardwestgermaanske taalgroep.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

De âldste spoaren fan bewenning yn Fryslân datearje út de tiid tusken de lêste beide iistiden. Sa binne der fynsten fan ark dat likernôch 100.000 jier âld wêze soe.

Ornaris wurdt sein dat de Fryske kultuer om 400 f. Kr. hinne begûn. De Fryske hystoarje begjint dan mei de tiid dat de Romeinen de Friezen moeten en oer harren skreaunen. De romein Tasitus rekkene dy "Frisii" ta de Ingvaeones, de Germaanske folken oan de Noardseekust. Mei dat de Romeinen har weromloeken nei it súden ferdwûnen de Frisii wer út de skreaune skiednis.

It is dêrom net mei al te folle wissichheid te sizzen at dy Fryske kustbewenners deselde Friezen binne as dy dy't nei it Grutte Folkeferfarren yn it Fryske keninkryk wennen (likernôch om it jier 600 hinne). It tiidrek fan it Fryske keninkryk duorre oant en mei 734. De Fryske lannen eastlik fan Westlauwersk Fryslân bleaunen oant 772 ûnôfhinklik. Nei in rite fan frjemde hearskappijen setten de frije Friezen om 1100 hinne út ein mei it Opstalbeam-ferbân. De perioade bekend as Fryske frijheid duorre oant om it jier 1500 hinne.

[bewurkje seksje] Identiteit

Sûnt likernôch 1500 hearre de Friezen ta ferskate lannen, en fertoane harren taal en kultuer hieltiid mear ûnderlinge ferskillen, en mear oerienkomsten mei dy fan dy lannen. Yn de Nederlânske provinsje Fryslân wurdt noch Westerlauwersk Frysk praat, en bestiet noch in Fryske identiteit. Yn East-Fryslân is in histoaryske bân mei de Fryske kultuer werom te finen; yn it Sealterlân wurdt noch in Eastfrysk dialekt praat. Yn Noard-Fryslân en op Helgolân binne noch Fryske dialekten en in Fryske identiteit. Yn oare gebieten, lykas West-Fryslân yn Noard-Hollân en Grinslân binne allinnich mar Fryske skiednis en wat kultuerspoaren mear. Út ûndersyk docht lykwols wol bliken dat it Eastfrysk platt en it Grinslanner dialekt noch grammatikale oerienkomsten hat mei it hjoeddeistige Frysk.

[bewurkje seksje] Erkenning

De Friezen út Westlauwersk- en Noard-Fryslân binne troch de Jeropeeske Uny en harren nasjonale steat erkend as nasjonale minderheid. De trije Fryske talen binne erkend ûnder Diel I, II en III fan it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

[bewurkje seksje] Polityk

Der binne yn Westlauwersk Fryslân twa Fryske politike partijen, deFriezen en de FNP. Yn Noard-Fryslân fertsjinwurdiget it Südschleswigsche Wählerverband (SSW) de Noard-Fryske minderheid. East-Fryslân hat Die Friesen as politike partij. De FNP en it Südschleswigsche Wählerverband binne beide oansletten by de Jeropeeske Frije Alliânsje dy't ûnder oaren de Noard- en West-Friezen fertsjinwurdigje yn it Jeropeesk Parlemint.

[bewurkje seksje] Taal

It is dreech om nei te gean hoe it Frysk him yn de Aldheid en iere midsieuwen ûntjûn hat. Fan de iere midsieuwen binne lykwols Fryske runen oerbleaun, mar lang net genôch om dêr apart in stúdzje fan te meitsjen. Yn de lette midsieuwen wurdt it Frysk skriftlik brûkt as rjochtstaal. Yn Noard-Fryslân hat de sitewaasje him wer wat oars ûntjûn, dêr teagen twa groepen fan Friezen hinne. De earste weach fan Friezen dy't har yn Noard-Fryslân nei wenjen sette wie yn de 7e ieu, de twadde yn de 11e/12e ieu. De skiednis fan it Noardfrysk is dêrom wer in oar sjapiter. It taalgebiet fan it Frysk yn East-Fryslân waard yn de 16e en 17e ieu hurd lytser. Hjoed is der allinnich mar it Sealterfrysk oerbleaun. Yn West-Fryslân (de provinsje Fryslân yn Nederlân) hat der mei Gysbert Japiks in oplibbing west foar it Midfrysk

It moderne Frysk hat trije haadfarianten:

De stúdzje nei taal, literatuer en geakunde, op wittenskiplik nivo, wurdt de Frisistyk neamd.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Portaal:de Fryslannen – Oersjoch fan Wikipedy siden oer de Fryslannen

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings