Noardwestgermaanske talen

Ut Wikipedy
Noardwestgermaanske talen
algemien
oare namme(n) Ingveoanske talen,
Anglo-Fryske talen,
Ingelsk-Fryske talen,
Noardseegermaanske talen
lokaasje fan oarsprong yn
Noardwest-Jeropa
tal talen ±5
tal sprekkers ±325 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
subgroepen Angelsaksysk
Frysk

De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Dizze taalkloft stiet ek wol bekend as de Ingveoanske talen, de Anglo-Fryske talen, de Ingelsk-Fryske talen of de Noardseegermaanske talen. De Noardwestgermaanske talen wurde wrâldwiid troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste taal út dizze groep is it Ingelsk. Fierders meitsje ek it Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk der diel fan út, krektlyk as it útstoarne Yola en Fingaalsk. Guon taalkundigen rekkenje fierders it Anglo-Romany, in taal fan wenweinbewenners yn Ingelân, der ek ta.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardwestgermaanske talen wurde ûnderferdield yn twa groepen:

De lokaasje fan 'e Noardwestgermaanske taalkloft yn Jeropa.

Der is in tindins yn 'e taalkunde om 'e Nedersaksyske talen, dy't yn it ferline altyd by de Súdwestgermaanske taalkloft yndield waarden, as in trêde subgroep oan 'e Noardwestgermaanske talen ta te heakjen. Dêroer bestiet lykwols gjin oerienstimming.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westgermaanske talen ûntstiene by it útinoarfallen fan 'e taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken, wat mooglik pas yn 'e fyfde iuw plakfûn. It wurdt ûntwierskynlik achte dat der in Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, en ien inkele Noardwestgermaanske taal hat nei alle gedachten likemin bestien.

Tsjin it begjin fan 'e skriftlike oerlevering fan 'e Westgermaanske talen, yn 'e rin fan 'e achtste iuw, hiene har yn elts gefal de ûnderskate Noardwestgermaanske talen al ûntwikkele. Dêrfan is it Aldingelsk oerlevere fan it begjin fan 'e achtste iuw ôf en it Aldfrysk fan 'e trettjinde iuw ôf (útsein in fragmintaryske psalmoersetting út 'e tolfde iuw).

Ingveonismen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich saneamd ingveonismen, taalkundige fernijings dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium yn 'e Noardwestgermaanske talen foardiene. Ek yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen hawwe dy fernijings har foar in part oppenearre, mar yn 'e Heechdútske talen alhiel net.

De wichtichste ingveonismen binne:

  • Ienheidsmeartal fan tiidwurden (it net mear foarkommen fan ferskillende ferbûgings fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden). Dit ferskynsel hat feroarsake dat men yn it Frysk seit fan "wy hawwe", "jimme hawwe" en "sy hawwe", wylst it Dútsk noch de âlde foarmen hat wir haben, ihr habt en sie haben.
  • It ferlies fan in aparte foarm foar it weromwurkjend foarnamwurd. Dêrtroch seit men yn it Frysk fan "hy wosk him", wêrby't "him" dus de funksje fan weromwurkjend foarnamwurd ferfollet, wylst men dêr yn it Dútsk in aparte foarm foar hat dy't nearne oars foar brûkt wurdt: er wiesch sich. (Ynteressant is yn dit ferbân dat it Nederlânsk dy foarm ek kwytrekke wie, mar him neitiid wer út it Dútsk weromliend hat. Dat kin men sjen oan Hollânske dialekten wêryn't de Standertnederlânske foarm zich noch altyd ûntbrekt, en wêryn't men sizze soe fan hij waste z'n eige.)
  • Nasaalútfal: de útfal fan in nasale klank foar beskate plof- en wriuwklanken. Troch dit ferskynsel binne bgl. de n's ferdwûn út Fryske wurden as "fiif", "sêft", "ús" en "goes", wylst it Dútsk dêrfoar de (oarspronkliker) foarmen fünf, sanft, uns en Gans oanholden hat. Hjirby nimt it Nederlânsk in tuskenposysje yn, mei't dat dy n yn vijf en zacht kwytrekke is, mar him yn ons en gans beholden hat.
  • Assibilaasje: klankferskowing fan 'e [k] (k fan "kat") en de [ɡ] (g fan "goed") of [ɣ] (g fan "drage") yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden ta [ʧ] (tsj fan "tsjûk") en [ʤ] (dzj fan "siedzje") of [j] (j fan "jas"). Dêrtroch hawwe it Frysk (en it Ingelsk) in wriuwklank oan it begjin fan wurden as "tsjerke" (church) en "tsiis" (cheese), wylst it Nederlânsk en it Dútsk dêr de oarspronklike plofklank beholden hawwe: kerk, Kirche en kaas, Käse.

Taalferliking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Noardwestgermaanske talen.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Ingelsk one two three four five six seven eight nine ten
Skotsk ane
yae
twa thrie fower five sax
sex
seiven aicht
aucht
nyne
neen
ten
Yola oane twye dhree vowér veeve zeese zebbem ayght neene dhen
Frysk ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen tsien
Sealterfrysk aan twäi
twäin
twoo
träi fjauwer fieuw säks soogen oachte njugen tjoon
Noardfrysk (Mooring) iinj
ån
tou
tuu
trii
tra
fjouer fiiw seeks soowen oocht nüügen tiin

Ek yn oare wurdfoarmen bestiet der in dúdlik ûnderskie tusken it Frysk en it Ingelsk oan 'e iene kant en it Nederlânsk en it Dútsk oan 'e oare. Dêrby kin it gean om:

  • ienfâldige klankferskillen:
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
brea bread brood Brot
hier hair haar Haar
ear ear oor Ohr
doar door deur Tür
grien green groen Grün
swiet sweet zoet süß
  • it ferspringen fan bylûden binnen it wurd:
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
troch through door durch
  • it ferdwinen fan einklanken:
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
dei day dag Tag
wei way weg Weg
  • gearlûkings:
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
rein rain regen Regen
neil nail nagel Nagel
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
hawwe have hebben haben
  • leksikale ferskillen (op it mêd fan 'e wurdskat):
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
tegearre together samen zusammen
sibbe sibling verwante Verwandte
kaai key sleutel Schlüssel
hynder (hoars) horse paard (ros) Pferd
Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk
haw west have been ben geweest bin gewesen
twa skiep two sheep twee schapen zwei Schafe

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.