Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen fan minderheden is in ferdrach fan de Rie fan Jeropa dat taalminderheden 48 mooglikheden jout om harren taal te beskermjen.
Yn 1996 hat de Nederlânske oerheid it Frysk opjûn ûnder Diel III fan dit Jeropeeske Hânfêst. As útfiering dêrfan waard yn 2001 it Konvenant Fryske taal en kultuer sletten tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân.