Sealterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje fan it Sealterlân.

Sealterlân is in gemeente yn de landkreis Kloppenboarch yn de dielsteat Nedersaksen mei likernôch 13.031 ynwenners (2010) en in oerflak fan 123,5 km². De gemeente is ûntstien yn 1974 doe't de trije selsstandige gemeenten ta Sealterlân byinoar brocht binne.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Meganyske turfwinning yn Sealterlân, 1982

It Sealterlân leit tusken de plakken Lear, Kloppenboarch en Aldenboarch yn. It belangrykste wetter dat fan súd nei noard troch it hiele Sealterlân streamt is de Sealter Ie.

Doarpen[bewurkje seksje | edit source]

Sealterlân hat fjouwer doarpen:

Buorgemeenten[bewurkje seksje | edit source]

De buorgemeenten fan it Sealterlân binne:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan Sealterlân is nau ferbûn mei de rivier Sealter Ie en de sompen dy't eartiids om it Sealterlân hinne leinen. Mids al dy sompgebieten en wetter wie it Sealterlân in smelle stripe lân fan likernôch 15 by 4 km. Tusken 1100 en 1400 waard dy stripe lân troch Friezen út Eastfryslân bewenne.

Oant de 19e ieu wie it Sealterlân allinnich oer de rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân deromhinne. Dêrtroch hie it Sealterlân in ôfsûndere posysje wat wierskynlik it oerlibjen fan it Sealterfrysk as lêste dialekt fan it Eastfrysk ferklearret.

De sompen wienen it grinspunt fan de machtsgebieten fan Kloppenboarch, Emden en Aldenboarch. Dêrtroch waard it Sealterlân in stikje nimmenslân tusken de machtigere buorlju. Yn de midsieuen hie it Sealterlân syn eigen rjocht. Karel de Grutte, dy't algemien rjocht foar de Friezen fêststeld hie, hat dêr mooglik ek in part yn spile. It Sealterân hie mear privileezjes krigen, en wie in gebiet mei grutte ûnôfhinkelikens.

Yn 1803 waard it gebiet troch it hertochdom Aldenboarch anneksearre. Yn 1934 waard de earste gemeente Sealterlân oprjochte. Njonken de doarpen Roomelse, Skäddel en Seedelsbierich hat ek it doarp Nijskäddel by it Sealterlân heard. Hjoed de dei heart Nijskäddel by de gemeente Friesoythe. Op 1 maart 1974 waard de hjoeddeiske gemeente Sealterlân oprjochte.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de Sealter útstjoering

De Friezen binne mei de Denen, Sorben, Sinty & Roma ien fan de fjouwer nasjonale minderheden fan Dútslân.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sealterfrysk.

It Sealterfrysk, ek wol Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk makket it diel út fan de Fryske taalgroep. It Sealtersk Bûn (Sealtersk: Seelter Bund; Dútsk: Heimatverein Saterland) is in organisaasje dy’t him ynset foar it brûken fan de Sealterfryske taal en kultuer.

Befolkingsûntjouwing[bewurkje seksje | edit source]

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Wapen fan it Sealterlân Flagge fan it Sealterlân
Wapen en flagge fan it Sealterlân

It gemeentehûs fan 't Sealterlân sit yn Roomelse.

Gemeenterie[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e gemeenterie fan it Sealterlân binne de neikommende politike partijen fertsjintwurdige (nei ferkiezings april 2011):

  • CDU - 19 sitten
  • SPD - 3 sittten
  • UWG (gemeentebelangen) - 3 sitten
  • Oar - 1 sit
  • Boargemaster - 1 sit

Boargemaster[bewurkje seksje | edit source]

  • Boargemaster: Hubert Frye (CDU)
  • Earste loko-boargemaster: Marianne Fugel
  • Twadde loko-boargemaster: Leonhard Rosenbaum
  • Earste gemeenteriedslid: Wilhelm Hellmann

Wapen & flagge[bewurkje seksje | edit source]

Op it wapen is Karel de Grutte te sjen. Oan him skriuwe de Friezen harren frijheidsprivileezjes ta.

De flagge fan de gemeente is ljochtblau/giel/ljochtblau mei it wapen yn 'e midden fan it giele flak.

Partnerskippen[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente hat in partnerskip mei it plak Sroda Slaska yn Poalen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Portal.svg Tema:Sealterlân – Wikipedy hat ek in temaside oer it Sealterlân

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]