Emden
| Emden | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 51.616 (2010)[1] | |
| Oerflak | 112,33 km² | |
| Befolkingstichtens | 460 km² | |
| Hichte | 1 m. boppe seenivo | |
| Polityk | ||
| Lân | Dútslân | |
| Dielsteat | Leechsaksen | |
| Regio | East-Fryslân | |
| Stêdsyndieling | 26 stedsdielen | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26721, 26723, 26725 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| *Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 22' N, 7° 12' E | |
| Webside | www.emden.de | |
Emden is in stêd yn East-Fryslân, it leit oan de Iems. It is de grutste stêd yn de regio en de meast westlike havenstêd fan Dútslân. As kreisfreie Stadt heart Emden net by in distrikt (krite, Dútsk; Kreis): it stêdsbestjoer hat ek it foech fan in distrikt. De stêdekloft is sa'n 112 km² en der wenje likernôch 52.000 minsken. De stêd hat foar de Fryske en Nederlânske skiednis fan belang west omdat de ferfolgde protestanten yn de Tachtichjierrige Kriich dêr teplak koenen.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Om it jier 800 hinne begjint de skiednis fan Emden mei hannelsdelsetting oan de Iems. De stêd wie yn it earstoan mear as in stikmannich huzen op in terp, doe hiet it plak noch fan Amuthon. Yn de midsieuwen groeide it plakje stadich, en waard ek wol Embda, Emda en Embden neamd. Emden wie yn de 12e ieu de haadsted fan it greefskip Eemsgo (of Emsgau), ien fan de trije greefskippen dêr't East-Fryslân yn parte wie. Yn 1252 waard Eemsgo ferkocht oan de biskop fan Münster, mar dy hie yn werklikheid net safolle te sizzen oer de stêd en Emden wie frijwat ûnôfhinklik ûnder it bewâld fan de famylje Abdena. Emden (en oare frijwat ûnôfhinklike stêden yn de omkriten) waarden ek wol boererepubliken neamd. De haadlingenfamylje de Cirksenas ferovere de stêd yn 1433 mei help fan de Hânze. Emden wie fan 1464 ôf it plak dêr't Greve Ulrich I wei regearre.
Yn de 16e ieu wie Emden it plak fan de Reformaasje. Tûzenen kalvinistyske flechtlingen út Nederlân teagen nei de stêd. Om 1590 koene it stêdsbestjoer en greve Edzard II fan East-Fryslân it net lykfine. De greve wie fan betinken dat de stêd tefolle op himsels stie en mear ûnderhearrich wêze moast oan East-Fryslân. De greve fan East-Fryslân wie Lutersk wylst it meastepart fan de stêd kalvinistysk wie. Yn 1603 wurdt de stêd semy-ûnôfhinklik nei swierrichheden mei de Nederlannen en East-Fryslân. It Nederlânsk wurdt lykwols de fiertaal yn 'e haven en by it boargerlike bestjoer. Op 26 maaie 1744 stjert de lêste prins fan East-Fryslân. Op dy dei waard East-Fryslân mei Emden anneksearre troch Prusen.
Yn 1806 waard Emden in Nederlânske stêd nei it tafoegjen fan East-Fryslân oan it Keninkryk Hollân. Yn 1810 waard it hiele Keninkryk Hollân troch Frankryk ferovere en Emden waard de haadsted fan it departemint Ems Oriental. Yn 1813 waard de sted ferovere troch it leger fan Prusen. Nei't de Frânsen by de Slach by Waterloo ferslein waarden yn 1815 kaam Emden by it Keninkryk Hannover, en yn 1866 wer by Prusen. Sûnt it begjin fan Dútslân (1871) heart Emden dêrby.
Op septimber 1944 waard Emden, dat in wichtige haven- en yndustrystêd fan belang wie foar it Dútske leger, slim bombardearre troch sa'n 800 Amearikaanske fleanmasinen. Hast 80% fan de stêd wie skansearre, ek de histoaryske binnenstêd. 370 minsken stoaren by de bombardeminten.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Emden op 'e nij in yndustry- en havenstêd.
Ferkear [bewurkje seksje]
Fan it treinstasjon Emden riden der treinen nei Keulen, Berlyn en Leipzig. Der is ek in oare treinferbining benoarden de stêd nei Norden en it badplak Norddeich. Fan de haven fan Emden sette fearboaten ôf nei it waadeilân Boarkum. Simmerdeis fart der in fearboat nei Delfsyl. Fan it lytse fleanfjild fan Emden fleant de Ostfriesische Lufttransport nei de East-Fryske Waadeilannen.
De Bundesautobahn 31 leit foar in part om de stêd hinne. Dy sneldyk ferbynt East-Fryslân mei it Ruhrgebiet.
Sport [bewurkje seksje]
BSV Kickers Emden is grutste fuotbalklup en spilet sûnt 2005 yn de Regionallige nord. De klup spilet yn it Embdena-Stadion.
Ferneamde Emdeners [bewurkje seksje]
- Johannes Althusius
- Karl Dall, komediant, sjonger en televyzjepresintator (1941)
- Henri Nannen, ferneamd Dútsk sjoernalist (1913-1996)
- Wolfgang Petersen; filmprodusint en regiseur (1941)
- Otto Waalkes; komediant en akteur (1948)
- Ferydoon Zandi, Iraansk-Dútsk fuotballer
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |