Boarkum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boarkum
Flagge fan Boarkum
(Flagge fan Boarkum)
Lokaasje fan Boarkum
Oerflak 30,6 km²
Tal ynwenners 5.587 (1 juny 2005)
Webstee http://www.borkum.de/
De âlde fjoertoer

Boarkum (offisjeel Dútsk: Borkum) is it westlikste Eastfrysk eilân.

Boarkum is in part fan it Dútske distrikt (Landkreis) Leer.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Ferfier

It eilân is mei de fearboat, fan Emden út, ferbûn mei it fêstelân, yn de simmer ek fan de Grinslânske Iemshaven út.

Fan de fearhaven, mei it buorskip Reede, nei it stedsje Boarkum leit de 7,2 km. lange spoarwei fan de Borkumer Kleinbahn.

[bewurkje seksje] Twa eilannen

Boarkum is ûntstien út twa eilannen, it Westlân en it Eastlân, dy't earst yn de 19e ieu hielendal ta ien eilân waarden. Op it eardere Eastlân leit noch it buorskip mei dy namme, op it Westlân leit de stêd Boarkum. Oan de westkant fan it eilân is safolle lân ferdwûn dat de stêd by heech wetter no mei in betonrâne út de see omheech komt. Oan de noardwestpunt is op it stuit in sânpunt dy't mei leech wetter droech falt en in tige grut strân foarmet.

Op it eilân stiet de Nije Fjoertoer (Boarkum).

[bewurkje seksje] Lizzing

Fearskip 'Ostfriesland' fan AG Ems

Boarkum leit tusken de Westeriems en de Easteriems en tusken de Noardsee en de Waadsee. It folgjende eilân nei it súdwesten ta is Rottum yn Nederlân; it folgjende eilân nei it noardeasten ta is Júst.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


Commons-logo.svg
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Borkum en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

Hotel Upstalbeam
 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Tessel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottum (eilân) - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli

Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen