Rif (Waadeilân)
Rif is de namme fan in lyts, ûnbewenne sânplaat yn de Waadsee. It leit foar de kust fan Fryslân, tusken it Amelân en Skiermûntseach yn, noardlik fan de Kalkman. It is sadwaande ien fan de Westfryske eilannen.
It Rif is in frij hege sânplaat fan goed oardel meter boppe NAP, mei sûnt inkelde jierren wat dúnfoarming. De sânplaat ûntstie troch it ôfsluten fan de Lauwerssee yn 1969. Troch dizze ôfsluting streamde der minder wetter troch it soal tusken it Amelân en Skiermûntseach, dêr't de soal minder djip troch waard. (It westerstrân fan Skier waard dêrby breder en der waakse ek in âlde sânplaat fêst oan it westerstrân; dizze sânplaat wurdt ek It Rif neamd.) Oan de ein fan de jierren njoggentich wie de sânplaat noch in stowende flakte dêr’t gjin inkelde plant oerlibje koe. Yn 2004 rekken guon gebieten fan dizze sânplaat begroeid, benammen mei seekraal.
De sânplaat tsjinnet as briedplak fan guon seefûgels, bygelyks de stirnzen briede dêr. Yn it briedseizoen, fan maaie augustus, is de sânplaat ferbean gebiet. Ek is it in wichtich rêstplak foar seehûnen by heech wetter.
|
|
|---|
|
Westfryske eilannen: |