Skylge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Skylge
Flagge fan de gemeente Skylge        Wapen fan de gemeente Skylge
(Flagge fan Skylge) (Wapen fan Skylge)
Lokaasje fan de gemeente Skylge
Provinsje Fryslân
Boargemaster J.M. Visser
Haadplak West-Skylge
Oerflak
- wetter
674,00 km²
-  585,90 km²
Ynwenners 4.721?
Ferkearsieren ---
Netnûmer 0562
Postkoades 8881 - 8897
Offisjeel webstee www.terschelling.nl
Haven fan Skylge, 1888 (fan Heinrich Petersen-Angeln

Skylge (Nederlânsk:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 4.743 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente beslacht 674 km2, wêrfan't 585,77 km2 wetter en 89 km kust is. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.

Offisjele plakken[bewurkje seksje | edit source]

Midslân oan See

De 15 offisjele plakken op it eilân binne:

Buorskippen[bewurkje seksje | edit source]

Ferdwûne delsettings[bewurkje seksje | edit source]

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Skylge is ûnstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.

Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. De lêste feroaring wie yn 1942, doe't it wêr by Fryslân kaam.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Skylge hat twa Fryske dialekten, it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.

West-Skylge

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Fryslân
Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen - It Amelân - It Bilt - Dantumadiel - Dongeradiel - Eaststellingwerf - Ferwerderadiel - Flylân - Frjentsjerteradiel - De Fryske Marren - Harns - It Hearrenfean - Kollumerlân Littenseradiel - Ljouwert (haadstêd) - Ljouwerteradiel - Menameradiel - Opsterlân - Skiermûntseach - Skylge - Smellingerlân - Súdwest-Fryslân - Tytsjerksteradiel - Weststellingwerf
 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Tessel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise