Midslân oan See

Ut Wikipedy

Midslân oan See is in delsetting fan rekreaasjewennings op Skylge en is in offisjeel buorskip op it eilân. It doarpke leit noardlik fan Midslân dat mei de Hearedyk te berikken is. Der is gjin fêste bewenning yn Midslân oan See.

Midslân oan See

It doarpke is boud yn de dunen fan Skylge. Rûnom lizze inkele natuergebieten lykas it Wetterplak en it Meisterplak. Yn dy dampige dúndelten wurdt in protte brieden troch fûgels, bygelyks de Skiere Goes, de Slob, de eastein en de Toefein.

De earste rekreaasjewennings binne tusken de Earste- en Twadde Wrâldoarloch setten.