It Hearrenfean (gemeente)
Gemeente It Hearrenfean
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | Tjeerd van der Zwan | ||||||
| Haadplak | It Hearrenfean | ||||||
| Gebiet - wetter |
140,15 km² - 4,97 km² |
||||||
| Ynwenners | 43.419 | ||||||
| Ferkearsieren | A7, A32, N380 | ||||||
| Netnûmer | 0513, 0516 | ||||||
| Postkoades | 8411 - 8459 | ||||||
| Offisjele webstee | www.heerenveen.nl | ||||||
It Hearrenfean (Heerenveen) is in gemeente en flek yn it suden fan Fryslân, mei 43.419 ynwenners, wêrfan 29.204 yn it flek sels (1 jannewaris 2010). It hat in gebiet fan 140,15 km2, wêrfan 4,66 km2 wetter.
De gemeente is yn 1934 foarme út de eardere gemeenten Aenjewier en Skoatterlân en in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske fan Haskerlân.
Troch de gemeentlike weryndieling fan 1984 binne dêr noch parten fan oare gemeenten oan tafoege.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan de gemeente is It Hearrenfean, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldhoarne, Aldskoat, Bontebok, Gersleat, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe, Lúnbert, Mildaam, Nijhoarne, Nijskoat, It Oranjewâld, Terbant en Tsjalbert.
[bewurkje seksje] Gemeentehûs
Yn 1934 waard Oenemastate gemeentehûs fan It Hearrenfean en yn 1952 waard dit Crackstate. Yn de jierren njoggentich folge nijbou, dat ferbûn waard mei Crackstate. Yn 2007 is it gemeentehûs ferboud.
[bewurkje seksje] Omskriuwing
It flek Hearrenfean is yn 1551 ûntstien op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart krúst waard troch de wei nei Oerisel, de wei fan Ljouwert nei Swol. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Mar hjoed de dei is it faaks it meast ferneamd troch iisstadion Thialf en SK It Hearrenfean mei it Abe Lenstra stadion, dat diel útmakket fan Sportstêd It Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Taal
Yn de gemeente It Hearrenfean wurdt benammen Frysk sprutsen. Fan âlds út waard der yn it eastlike part fan de gemeente, yn de doarpen Hoarnstersweach en Jobbegea ek Stellingwerfsk sprutsen. Mar hjoed de dei hat noch mar 2% fan de befolking it Stellingwersk as memmetaal. Dêrnjonken hat 53% it Frysk as memmetaal en 38% it Nederlânsk. Stedsk wurdt troch 4% fan de minsken sprutsen wylst 3% fan de ynwenners in útlânske taal as memmetaal hat.[1]
[bewurkje seksje] Befolking
| 1990 | 1995 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 37.929 | 39.256 | 40.443 | 41.777 | 40.443 | 42.190 | 42.653 | 42.846 | 42.757 | 42.775 | 42.867 | 43.331 | 43.419 | 43.448 |
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |
