It Oranjewâld

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
It Oranjeâld
It Oranjewâld
Himrik fan  It Oranjewâld
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2007) 1.041
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 57' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8453
Webstee {{{webstee}}}

It Oranjewâld (Oranjewoud) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, krekt east fan de flekke. It doarp hat 1.041 ynwenners. It doarp hat net in echte buorren.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Albertine Agnes dochter fan Freark Hindrik fan Oranje Nassau en Amalia fan Solms erve nei it ferstjerren fan har man, de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz, de lannen mei pleatsen "It Wold". Der kamen nei de tiid in soad aadlike minsken te wenjen en it plak krige de namme Oranjewâld. It hûs Oranjestein waard yn dy tiid boud. Sa wennen yn 'It Wâld' de famyljes Van Scheltinga, Van Limburg Stirum, Wouters, Cats en Bieruma Oosting.

[bewurkje seksje] Gebouwen

twatalich komboerd

Foar de anneksaasje troch It Hearrenfean foel ek de filla Blau Hûs noch ûnder It Oranjewâld. Earder wienen der noch Ontwijk, Brouwershave, De Tent, Pauwenburch, Lyts Marsicht,
en de loazjementen De Kom en Weener.

[bewurkje seksje] Grêfkelders

Yn en om It Oranjewâld binne noch in tal Grêfkelders, lykas dy fan de famyljes Bienema en Van Limburch Stirum yn (It Oranjewâld), Van Scheltinga yn (Brongergea), en Wouters en Van Heloma yn (Aldskoat).

[bewurkje seksje] Mienskip

Sûnt 22 desimber 1930 bestiet Pleatslik Belang fan It Wâld. It Wâldnijs jout nijs oer It Oranjewâld. Alle jierren is der in doarpsfeest.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • It Wâld (kabaret)
  • iisclub It Oranjewâld
  • Van Maasdijkgroep - scouting
  • De Woudklank - sjongen

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Op 24 novimber 2004 waard Museum Belvedêre iepene troch keninginne Beatrix.
  • Berne yn It Wâld is berneboekeskriuwster Cissy van Marxveldt (1889-1948), skûlnamme fan Setske de Haan.

[bewurkje seksje] Strjitten

De strjitten fan It Oranjewâld.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings