Bontebok

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bontebok
Flagge fan Bontebok Wapen fan Bontebok
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bontebok
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 445
Webstee Webstee Bontebok
lizzing gemeente It Hearrenfean
De fallaat yn Bontebok (2009)
Eklektyske pleats
Ald Hogeveen

Bontebok is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, east fan de flekke, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. It doarp hat 447 ynwenners. Op 4 augustus 1979 hat Bontebok de status fan selsstannich doarp krigen, dêrfoar wie it in buorskip yn de himrik fan Nijhoarne, en hearde foar in diel by De Knipe.

It doarp is ûntstien by in fallaat yn de Kompanjonsfeart. De streek is fan healwei de 17e ieu ôf oan beide kanten fan de feart as gefolch fan de feanwinning ûntstien. It graven fan de feart en de wiken (dwersfearten) de winning fan en it ferfier fan it fean en it nei de tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten joegen minsken in krap bestean. Reden foar wat ambachtslju en letter ek yndustry, om har yn dit gebiet te wenjen en wurkjen te setten.

De namme komt fan in herberch mei de namme Bonte Bock dy't op it krúspunt fan de feart mei de dyk stie. It kafee hie in úthingboerd mei de spreuk:
Een bok is een bok,
Een bok ben ik geheten.
Menigeen is in bok
maar wil het niet weten".
Op in stuit wienen der wol fiif kafees yn it doarp.

Yn 1955 kaam der in nije wei lâns de feart en krigen de huzen elektrysk ljocht en in jier letter ek wetterlieding. It Molkfabryk De Gemeenschap ( 1898 - 1966) is ôfbrutsen en de grûn is brûkt foar wenningbou.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Midden yn it doarp stiet de iepenbiere skoalle. It doarpshûs hjit De Bokkesprong. Doarpsblêd is 'Het Bontebokkertje', eartiids 'Het Bontebokkeblaadje’. Yn Bontebok binne ein augustus de Floraliafeesten mei in Bonteboksejûn. De Balstien is de soarchbuorkerij fan it doarp.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

1998 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
404 443 455 445 447 438 450 445

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • Floralia
  • Follybalclub - oprjochte yn 1974
  • De Bokkestjit - biljerten
  • Spul - toaniel
  • Gymnastykferiening
  • The Black Arrow - Linedance
  • Us Nocht - dowehâlderij
  • Tsjerkûlen - wurkgroep
  • Stifting Ald Behâld Bontebok - oprjochte yn 2002

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

  • Imke Klaver ( 1880 - 1967 ) - feanarbeider. Hie ferskate pleatslike bestjoersfunksjes. Siktaris fan de lanlike Federaasje fan Lân-, Tún- en Feanarbeiders. Skreau it boek Herinneringen van een Friese landarbeider.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Bonteboksleane - hiet eartiids Hogeveensewei
  • Boskpaad - neamd nei de boskjes oan it paad dat eartiids itde lannen yn rûn. By de ruilferkaveling is it paad trochlutsen as fytspaad oer de eardere 4e Wyjk.
  • De Draai - neamd nei in brechje oer de wiken.
  • De Grift - is in yn de tiid fan de feanterij brûkt wurd foar in groeven wettergong, feart of kanaal. Stamt út it Utertse, tink hjirby oan grêft.
  • Dominee Veenwei - hearde eartiids by De Knipe mar kaam mei ferlienen fan de doarpssteatus by Bontebok. Sjoch fierder by "Ds. Veenwei" yn De Knipe.
  • Earste Kompanjonswei - de Kompanjons hawwe yn de 16e ieu dit gebiet út de gemeente Skoatterlân ferfeante. De wei waard yn 1953 oanlein en ferfong de earder besteande paden mei in soad barten.
  • Hogeveenswei - Nei alle gedachten is dizze eardere reed om 1800 oanlein as diel fan de ferbining Nijhoarne-De Gordyk oer Bontebok. Ferskate leden fan de famylje Hogeveen wienen 'administrateur' fan de Van Dekema, Cuyck en Foeits Feankompanjy. De earsten wiene nei alle gedachten Klaas Roelofs (1759-1795) en Jacob Klazes (1795-1827), dy't yn 1811 de namme Hogeveen offisjeel oannomd hat. Syn soan Marcus Jacobs Hogeveen wie yn funksje fan 1827-1842 en waard doe opfolge troch Roel Marcus Hogeveen. De Hogeveens hawwe mear as in ieu lang in grutte rol spile yn de ferfeanting fan dizze kontreien. Yn 1979 waard de wei omneamd yn "Bonteboksleane". By de oprjochting fan it koöperative molkfabryk 'De Gemeenschap' yn 1898 waard de wei ferhurde en ferbettere.
  • Imke Klaverpaad - Imke Klaver (1880-1967) wie in bekende feanarbeider.
  • Langewykswei - is ûnderdiel fan de "wei op lange wyk", fan de "Twadde Kompanjonswei. De wei krige yn 1958 om praktyske reden syn hjoeddeiske namme.
  • Spekpôledraai - neamd nei de draaibrêge dy't op dit plak wie en leit foar it stik lân oer mei de namme Spekpôle.It sil in fruchtber stik grûn wêze mei in wat fetlike struktuer.
  • Twadde Kompanjonswei - nei de kompanjons Piter Dekema, Cuyck en Foeyts dy't yn de 16e ieu de feanterij opsetten hawwe.
  • Twadde Wyksreed - rint bylâns de 'Twadde Wyk'.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]