Wet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In juridyske wet is ûnderdiel fan it rjocht, mar it rjocht is breder as inkeld wetten. Ek de rjochtspraak (jurisprudinsje), de rjochtslear, algemiene rjochtsbegjinsels en de gewoanten binne rjochtsboarnen. De oankundiging fan in wet wurdt soms in edikt neamd.

Soarten wetten[bewurkje seksje | edit source]

It generike begryp wet kin twa betsjuttings hawwe:

wet yn formele sin 
in wet yn formele sin is in (mienskiplik) beslút, nommen en kenber makke neffens de dêrta fêstleine proseduere troch in befoege orgaan, de formele wetjouwer neamd.
wet yn materiële sin 
in wet yn materiële sin is in algemien binend foarskrift foar de rjochtsûnderhearige(n) en fan tapassing is op in spesifike territoriale ienheid.

Wetten kinne sawol yn materiële sin as fn formele sin wêze, mar dit hoecht net. It ûnderskied is twaliddich :

  • it territorialiteitsprinsipe en it dêrby hearrende foech;
  • yn de formele sin is it in beslút, in nommen beslissing; en yn de materiële sin is it in jildend foarskrift oplein oan persoanen.

Hoewol't dit ûnderskied earder teoretysk liket te wêzen binne der yn de alledeiske praktyk dochs dúdlike ferschillen.
It Strafrjocht is in wet yn formele sin, tagelyk wet yn materiële sin troch it Wetboek fan Strafrjocht ). De wet is opsteld en kenber makke troch de formele wetjouwer en hâldt foarskriften yn, dy't ûnder oare foar eltsenien jilde dy't binnen it grûngebiet is.
In foarbyld dat it ûnderskied tusk en formele en materiële wet yllustrearret, is de tastimmingswet foar it houlik fan in lid fan it Keninklik Hûs, it parlemint beslist oer dizze fraach en nimt dy beslissing troch it útfurdigjen fan in wet, dy't troch de minister fan binnenlânske saken bekend makke wurdt. Dat is in formele wet mar gjin materiële wet, omdat se gjin betrekking op iderien hat. In AMfB (Algemiene Maatregel fan Bestjoer) is in regel oplein troch de regearing sûnder meiwurking fan de Steaten-Generaal, dus dit is gjin wet yn formele sin. As dizze algemien binend is kin it lykwols wol in wet yn materiële sin wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Law en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.