Lúnbert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lúnbert
Flagge fan Lúnbert Wapen fan Lúnbert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lúnbert
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 424
Webstee webstee fan Aenjewier
lizzing gemeente It Hearrenfean
Klokkestoel Lúnbert

Lúnbert is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Lúnbert leit yn it noardwesten fan de gemeente en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Tsjalbert en Gersleat de gemeente Aenjewier oan 'De Streek'. Under Lúnbert leit in gebiet dat 'Skar' neamd wurdt.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

It tsjerkegebou fan Terbant stiet no op it gebiet fan It Hearrenfean Lúnbert wurdt op in kaart fan 1245 al neamd as Lyendingaberde. De Kommandeur (geastlik haad fan in konvint of kleaster) fan Nes (by Akkrum) liet him yn 1281 troch aartsbisschop Sigfried fan Keulen befêstigje yn syn rjochten op de tsjerke fan Lúnbert. It doarp waard neamd nei it geslacht Lyedinga ek Lioedingha, wêroan it syn koepel tanke, in geslacht dat wenne op it oangrinzjende (no net mear besteande) Catryp of Katryp. It 'Katryper Convent' lei op it gebiet fan Lúnbert. De kommandeur wie belêste mie de silesoarch oer beide parochys (Catryp en Lyendingaberde). Yn 1491 hie 'Lyonghebird' in houten tsjerke, dit as tsjinstelling mei de tichtby steande kleastertsjerke fan 'Mariënbosch', dy't wol oantsjutten waard as 'Steenkerke'.

[bewurkje seksje] Klokkestoel

Op it tsjerkhôf stiet in klokkestoel mei twa klokken dy't yn 1843 út de tsjerke fan Terbant komd binne. Ien is yn 1538 jitten troch Geert van Wou en Jan ter Stege, de oare yn 1645 troch Jacob Noteman út Ljouwert. Dec klokken binne yn 1942 troch de Dútsers meinomd. De tsjerke is om 1745 hinne sloopt. Oan de súdkant fan it begraafplak stie eartiids it nonnekleaster Stientsjerk (Steenkerk).

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten fan Lúnbert mei ferklearring fan de nammen.

[bewurkje seksje] Skoalle

De skoalle yn it doarp is de Anjewier.

[bewurkje seksje] Befolking

2005 2006 2007 2008 2009 2010
441 436 435 430 420 424

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen