Mildaam

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Mildaam
Mildaam
Himrik fan  Mildaam
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2007) 715
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 6° 0' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8454
Webstee www.mildam.org

Mildaam (Mildam) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, net fier fan de Tsjonger, mei 715 ynwenners. It doarp leit east fan It Hearrenfean yn in boskrike omjouwing en oan de noardside fan de rivier de Tsjonger.

Mildaam is al ieuwen âld. It leit op in sânrich, dat der hawwe grif in it fiere ferline al minsken wenne, mar yn alle gefallen wurdt it doarp Mildaam al yn 1408 yn in skriftlike boarne neamd. Der moasten doe 50 "âlde skylden" betelle wurde oan de bisskop fan Utert. It doarp lei oan de ferbiningswei tusken de hege sângrûnen fan Drinte en Gaasterlân. Meyledam waard it ek wol neamd. It doarp hat lang it sintrum wêst foar de agraryske omkriten en wie dit sa sear dat it sûnt 1682 in jiermerk hie en yn de 19e ieu mar leafst twa. Mar tiden feroaren, en yn 1952 binne de jiermerken wer ôfskaft.

Wat ek feroare is, is dat Mildaam in skoftke in aparte gemeente west hat. Yn de Frânske tiid foarme it in aparte "kommune", tinklik tegearre mei Brongergea en Nij-Brongergea. Dêrfoar en dêrnij wie it part fan de eardere gritenij en letter gemeente Skoatterlân, oant yn 1934 de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard.

Mildaam is hjoed-de-dei in doarp mei in soad op-en-del reizgers, mar it is ek it doarp dêr't Louis G. le Roy oan de Yntzeleane oan syn Eko-katedraal bout.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Pleatslik Belang is der sûnt 1904. De Tsjongerskoalle is de doarpsskoalle, de Lytse Kompanjon it pjutteboartersplak.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

De strjitten fan Mildaam mei ferklearring fan de nammen.

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

Line fan Qbuzz:

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Internet-web-browser.svg 52° 56' NB, 6° 0' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings