Ketlik

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ketlik
Himrik fan  Ketlik
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 30
Ynwenners (2010) 616
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 6° 1' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8455
Webstee www.katlijk.nl


Himrik fan Ketlik

Ketlik (Katlijk) is in doarpke yn de gemeente It Hearrenfean, eastlik fan de flekke. De namme komt mûglik fan leke dat wetterloazing betsjut. De namme soe ek komme kinne fan it wurd katolyk.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat al in lange skiednis; al yn 1315 stie der in kapel yn Ketlik. Earst wie it dêr yn de omkriten neat as fean en heide. Mar yn de 16e ieu sette Pieter fan Dekema mei Johan van Cuijck en Floris Foeyts de Skoatterlânske Kompanjy op. De kompanjy kocht feangrûn yn Ketlik, Brongergea en omkriten. De kompanjy liet de Skoatterlânske Kompanjonsfeart grave mei in soad wiken om de turf en it wetter ôf te fieren. It hat it lânskip gâns feroare.

Yn 1673 wie it it leger fan de biskop fan Munster Bommen Berend slagge om de Fryske Wetterliny oer te kommen, mar nei't men yn Ketlik seit waard it leger yn Ketlik troch it doarpsfolk ferslein.

Ketlik wie eartiids út trije parten opboud: Grut Ketlik, Lyts Ketlik en Nij Ketlik. De beide earsten foarmje tegearre it hjoeddeiske doarp, wylst Nij Ketlik letter Boppeknipe waard en no diel útmakket fan it doarp De Knipe.

Natuergebiet[bewurkje seksje | edit source]

Ketlik hat twa natuergebieten. It Ketliker Skar en in oergonggebiet tusken de bosken fan Oranjewâld en it Ketliker Skar. It oergonggebiet is fan 2010 en is in 32 bunder grut natoergebiet by Ketlik. Yn de eardere greiden is ûnder mear nije oanplant setten, binne wetterpartijen groeven en kuierpaden oanlein.

Thomastsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Dit tsjerkje leit mids fan de bosken fan Ketlik. It tsjerkje hjit sûnt 3 juny 2004 'Tomastsjerke', nei de hillige Tomas. It is in lyts en ienfâldich tsjerkje, sûnder toer, boud yn 'e earste helte fan de 16e ieu fan reade bakstien (roaswinkel), mei swiere bearen. It tsjerkje kaam yn 1975 yn hannen fan de stifting 'Alde Fryske Tsjerken' en waard yn 1977 en 1978 restaurearre. It sjocht der no lyk út as doe en is net 'oppoetst' sa't dat yn it ferline mar al te faak barde. It ieuwenâlde monumintale tsjerkje is no gauris it poadium foar konserten, hoewol't der ek tsjerketsjinsten hâlden wurde.

Klokkestoel[bewurkje seksje | edit source]

Klokhûs en oarlochsmonumint.

Nêst de tsjerke stiet in klokkestoel mei twa klokken lyk as't der safolle yn Fryslân binne. De klokkestoel is yn 1979 restaurearre. Oant 1943 ta hongen der twa klokken yn 'e klokkestoel dy't yn 1752 troch Ciprianus Jansz. Crans út Amsterdam getten wiene. Dizze klokken binne yn 'e oarlochsjierren weihelle en net werom kommen. Se binne yn 1952 ferfongen troch twa oaren dy't by Van Bergen út Heiligerlee getten binne.
De klokken (bes1 en des2) hingje oan rjochte liedassen en hawwe in fleanende bongel. De iene klok hat as opskrift:
Ik ha hjir mar in klokkestoel, gjin toer.
Dochs galmje ik 't de fjilden oer.
Gjin libbensskipke leit goed fêst
as 't anker net yn Kristus rêst.
op de oare stiet:
1944 De dútskers binne kommen
Hja ha d' âld klok hjir nommen.
1952 Nou joech men my út mienskipssin.
'k Lied bliid myn lûd de himel yn.
Stiet oeral de klokkestoel op it tsjerkhôf, yn Ketlik is dat net it gefal. Fan oarsprong stie de klokkestoel yn Katlijk ek op it tsjerkhôf oan de noardside neist de tsjerke. Doe't de klokkestoel yn 1930 fernijt wurde moast is d'r nei it hjoeddeiske plak ferpleatst. De reden wie, dat it Sint Thomaslieden yn eardere jierren dei en nacht trochgie. Der sammelen destiids yn de jûn en ek yn 'e nacht in protte jongfolk op it hôf en die hiene dan in protte wille. Foar guon Ketlikers wie dat in stikel yn 'e foet. Hja fûn it net foechsum wat dêr op it tsjerkhôf ôfspile. Doe't de klokkestoel dan ek ferfong wurde moast, waard dizze, ta iders tefredens, neist it tsjerkhôf delsetten.

Yn de klokkestoel fan Ketlik hingje de klokken oan rjochte liedassen mei in liedstok en hawwe in fleanende bongel. De klokken binne dêrtroch better te bestjoeren. Yn in tsjerketoer hingje de klokken faak oan in krukas mei een liedtsjil en hawwe dan in fallende bongel. It klokhús lûkt eltse krysttiid in soad minsken, om't Ketlik ien fan de twa plakken yn Fryslân is dêr't noch oan Sint Tomaslieden dien wurdt. It wurdt, njonken yn Ketlik, noch dien yn it tichtby lizzende Aldhoarne. Alle jierren litte op de jierlikse Sint Tomaslieden-manifestaasje betûfte kloklieders, yn tradysjonele klean stutsen, de klokken op de maat klinke.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Foarhinne wie Ketlik in boeredoarp. De boeren ferbouden sânrapen as feefoer, mar ek as iten foar harsels. De bêste en de lekkerste sânrapen kamen út Ketlik. Oant 1950 wie it út de grûn lûkken fan dizze giele knollen alle jierren wenst. De minsken dy't de knollen út de grûn hellen waarden 'Raapteppers' neamd. Midden yn fan it doarp stiet in brûnzen byld neamd 'De Raaptepper', yn 1981 makke troch de keunstner Simon den Hartogh. Der is in feriening fan Doarpsbelang en in doarpskrantsje hjir De Raaptepper. Se wurde stipe troch de wurkgroep Doarpsfernijing. De grifformearde skoalle út 1915 is neamd nei ien fan de inisjatyfnimmers, Wietze Andries Nijenhuis (1874-1953). De Tsjongerskoalle is de iepenbiere skoalle. Der is in soas foar âlderein fan 60+. In pleatslike kommisje beheart it tsjerkegebou. Hotel Hof van Schoterland spilet in grutte rol yn it doarpslibben. Pleatslik Belang Mildaam bestie yn 2004 100 jier en Pleatslik Belang Ketlik 75-jier. De beide doarpen ha doe tegearre in grut feest fierd.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • iisklup De Kûle.
  • Kuorbalferiening De Trijehoek

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

1954 1959 1964 1969 1973 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
700 683 669 647 614 606 629 641 635 634 636 631 616

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De strjitten fan Ketlik mei in ferklearring fan de nammen.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Line fan Qbuzz:

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • De foaroansteande famylje Van Limburg Stirum hie hjir earder in soad grûn en huzen yn besit.
  • Politikus Lutz Jacobi is berne yn Ketlik op (13 desimber 1955).
  • Yn Ketlik sit ek 'Le Chat Mort' in útjouwerij fan Frysktalige stripboeken as Suske en Wiske en Kapitein Rob.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]