Flylân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Flylân
Flagge fan de gemeente Flylân        Wapen fan de gemeente Flylân
(Flagge fan Flylân) (Wapen fan Flylân)
Lokaasje fan de gemeente Flylân
Provinsje Fryslân
Boargemaster Ella Schadd-de Boer (waarnimmend)
Haadplak East-Flylân
Oerflak
- wetter
320,50 km²
-  280,24 km²
Ynwenners 1.157
Ferkearsieren ---
Netnûmer 0562
Postkoades 8899
Offisjeel webstee www.vlieland.nl

Flylân (Vlieland) is ien fan de fiif Westfryske eilannen, fan it westen út rekkene is Flylân it twadde bewenne waadeilân. It eilân makket ûnderdiel út fan de gemeente Flylân. It hat 1.146 ynwenners (31 maaie 2009), en in gebiet fan 320,5 km2, wêrfan 280,24 km2 wetter, en 55,9 km kust. Mei in befolkingstichtens fan 28 ynwenners de kante kilometer is it nei Skiermûntseach de tinstbefolke gemeente fan Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Fjoertoer Flylân

Flylân hat lange tiid oan it fêstelân fan Fryslân fêst sitten. Mar nei de Wettersneed fan 1287 waard Flylân skaat fan it oare part fan Fryslân. Dit barren makke diel út fan it proses wêrby't de Waadsee ûntstie. It noardlike part fan Tessel, Aailân, wie ea in part fan Flylân. Troch it ûntstean fan it Aailânske Gat waard Aailân fan Flylân ôfskieden. Troch fierdere feroarings yn seestreamen is Flylân oan de westkant hieltyd fierder erodearre. Yn de wandasêge wurdt in ferklearing jûn foar dizze natuerramp.

Earder hat der neist East-Flylân ek noch in twadde doarp west; West-Flylân, ek wol Westeynde. Dit doarp is yn 1736 hielendal ûntromme, nei desenniums fan oerstreamings en it besykjen fan it wer op 'e nij opbouwen fan it stik lân.

Flylân is yn de rin fan tiid mear as ien kear fan provinsje feroare. Oant 1942 makke Flylân ûnderdiel út fan de provinsje Noard-Hollân, lykas Skylge. De Dútsers feroaren dit en dielden it eilân yn by Fryslân. Nei de oarloch is dit nea weromdraaid. It Posthuys op it eilân herinnert noch oan de tiid dat Flylân noch by Noard-Hollân hearde. It Posthuys stiet op it westlik part fan Flylân, omdat de post mei de boat fan Tessel ôf kaam.

It eilân hat lange tiid hast allinnich sân west. Sûnt de tweintiger jierren fan de 20e ieu hat Steatsboskbehear west fan East-Flylân in stik bosk oanlein, dat it doarp minder lêst fan ferstowend sân krige.

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

It strân by Flylân.

Flylân is in lang, smel eilân dat bestiet út de Flyhors, in grutte sânflakte oan de súdwestkant, dunen en bosken yn it midden en nei it easten. Op it súdeastlike diel fan it eilân leit it ienigste plak, East-Flylân. Der hat ek in doarp West-Flylân west, mar dat hat men yn 1736 opjaan moatten oan de see.

It heechste punt fan Fryslân leit op Flylân, de Fjoerboetsdún is 45 meter heech en op dat plak is it hiele eilân goed oer te sjen.[1] Boppe op dat dún stiet de fjoertoer fan it eilân. De totale strânlingte fan it eilân is 20 kilometer.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

De meast foarkommende ynkomstenboarne fan de Flylanners is it toerisme. Op it eilân binne sa'n fyftjin hotels en inkele hûnderten fakânsjehûskes en -aparteminten. Der binne twa kampearterreinen op it eilân; Stortemelk en Lange Paal. Op it eilân leit sa'n 26 kilometer oan fytspaad.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich wurdt der op Flylân hast allinnich noch mar Nederlânsk sprutsen. It Frysk noch it Flylânsk wurde der noch sprutsen.

It Flylânske dialekt dat op it eilân praat waard wie tige besibbe oan it Tekselsk. It dialekt hie in protte oerienkomsten mei de dialekten fan Noard-Hollân.

De lêste sprekster fan it Flylânsk, frou Petronella de Boer-Zeylemaker, stoar yn 1993 op 107-jierrige leeftyd.

Ferkear[bewurkje seksje | edit source]

Flylân is foar toeristen net taganklik mei auto's of motors. Bewenners kinne by de gemeente in B-ûntheffing oanfreegje foar in motorfoertúch.

Rederij Doeksen ûnderhâldt in feartsjinst tusken Harns, Skylge en East-Flylân. Rederij De Vriendschap ûnderhâldt yn de simmerperioade in feartsjinst tusken De Cocksdorp op Tessel en de Flyhors oan de súdwestkante fan it eilân spesjaal foar fytsers en kuierders.

Fan de Flyhors ôf ferrint it ferfier mei in spesjale auto, de Flyhors Express. De ienichste busline op it eilân, line 110, wurdt útfierd troch de TCR Flylân. Dy busline giet fan Feardaam by East-Flylân nei it Posthuys en werom.

Ferneamde Flylanners[bewurkje seksje | edit source]

  • Nicolaus Cruquius (1678-1754), mearsidich wittenskipper, berne yn West-Flylân
  • Willem de Vlamingh (1640-1698), ûntdekkingsreizger dy't û.o. fanwege de VOC de westkust fan Austraalje yn kaart brocht, berne yn East-Flylân
  • Betzy Akersloot-Berg (Aurskog 1850-1922 Flylân), seeskilderesse, learlinge en freondinne fan Hendrik Willem Mesdag, wenne fan 1896 oant har dea mei har man Gooswinus Akersloot op Flylân
  • Liesbeth List (Bandûng, 12 desimber 1941), sjongster en aktrise, waard troch heit en styfmem - nei in fakânsje - op Flylân efterlitten.
  • Jan Jacob Slauerhoff (1898 - 1936), dichter en romanskriuwer, hold alle jierren in pear moannen op it eilân ta om syn astma te ferlichtsjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

  1. ahn.nl hichtekaart
 
Fryslân
Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen - It Amelân - It Bilt - Dantumadiel - Dongeradiel - Eaststellingwerf - Ferwerderadiel - Flylân - Frjentsjerteradiel - De Fryske Marren - Harns - It Hearrenfean - Kollumerlân Littenseradiel - Ljouwert (haadstêd) - Ljouwerteradiel - Menameradiel - Opsterlân - Skiermûntseach - Skylge - Smellingerlân - Súdwest-Fryslân - Tytsjerksteradiel - Weststellingwerf
 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise