Aailân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aailân op in kaart fan de Frânske geograaf Guillaume Delisle útjûn yn Amsterdam yn 1743 (orizjineel yn Parys fan 1702

Aailân is de namme fan it noardlike diel fan it waadeilân Tessel.

Skiednis [bewurkje seksje]

Oant de 13e ieu foarme Aailân in diel fan Flylân. It wie doe fan Tessel skieden troch it Anegat, dat destiids sawat op it plak lei dêr't no De Slufter leit. Oan de ein fan de trettjinde ieu ûntstie it Aailânske Gat en rekke Aailân ek los fan Flylân. It wie sadwaande in echt eilân wurden. Yn de wandasêge wurdt in ferklearing jûn foar dit natuerbarren.

Yn de rin fan de 16e ieu slibbe it Anegat tusken Tessel en Aailân ticht, en ûntstie der tusken de eilannen in hege sânbank dy't allinnich noch by ekstreem hege wetterstannen ûnder rûn. Yn 1630 waard op dizze sânbank de Sândyk oanlein en sa waarden de beide eilannen troch dizze dyk ferbûn. Yn 1835 waard, ûnder lieding fan Nicolas Joseph De Cock út Antwerpen begûn mei de ynpoldering fan de kwelderflakte dertusken, mei as doel it wûne lân te brûken foar lânbou. Sa ûntstie de Aailânske polder, dêr't de doarpkes De Cocksdoarp, Midden-Aailân en Súd-Aailân yn lizze. Letter waarden oan de râne fan dizze polder mear kwelders yndike. Benammen yn dit diel fan Tessel spile him yn de Twadde Wrâldoarloch de opstân fan de Georgjers ôf.

De namme Aailân wiist derop dat op it eardere eilân in soad seefûgelaaien socht. Dy aaien gienen nei de Amsterdamske bakkerijen.

Oar [bewurkje seksje]

Aailân is ek de namme fan in fjoertoer op Aailân/Tessel, sjoch Fjoertoer Aailân