Eaststellingwerf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Eaststellingwerf
Flagge fan de gemeente Eaststellingwerf    Wapen fan de gemeente Eaststellingwerf
(Flagge fan Eaststellingwerf) (Wapen fan Eaststellingwerf)
Lokaasje fan de gemeente Eaststellingwerf
Provinsje Fryslân
Boargemaster Harry Oosterman
Haadplak Easterwâlde
Gebiet
- wetter
226,64 km²
-  1,32 km²
Ynwenners 26.288
Ferkearsieren N381, N351, N380
Netnûmer 0516
Postkoades 8421 - 8435
Offisjele webstee www.ooststellingwerf.nl

Eaststellingwerf (Ooststellingwerf) is in gemeente yn it súdeasten fan Fryslân, mei 26.288 ynwenners (1 jannewaris 2009), en mei in gebiet fan 226,64 km², wêrfan 1,32 km² wetter.

Eaststellingwerf foarmet tegearre mei Weststellingwerf de Stellingwerven. De gemeente leit oan de grins mei Drinte; op dizze grins leit it nasjonaal park it Drintsk-Fryske Wâld, dêr't grutte bosken lizze en in sânferstowing, dy't it Aekingersân of de Keale Duinen neamd wurdt. It heechste punt yn de gemeente is de op 26,6 m lizzende top van de Boskberch, ek flakby Appelskea. Oan de eastkant fan de gemeente, tusken Appelskea en Feanhuzen leit it Fochtelerfean. De rivieren de Lende en de Tsjonger ûntspringe yn dizze gemeente.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1328 skieden de Stellingwerven, en dus ek it gebiet dat hjoed de dei Eaststellingwerf foarmet, harren ôf fan Drinte dat op dat stuit ûnder it bewâld fan de bisskop fan Utert stiet. Sûnt dan foarmet it gebiet in eigen autonoom gebiet dat bewâlde wurdt troch stellingen, wat de namme foar it gebiet ek ferklearret. Yn 1498 komt it gebiet yn hannen fan Albrecht fan Saksen, dy't it gebiet yn 1504 by Fryslân yndield. De Stellingwerven waarden sadwaande ien fan de Fryske gritenijen. Yn 1517 folget de splissing tusken East- en Weststellingwerf en ûntstiet it gebiet sa't dat der no is.

It gebiet foarme lange tiid in buffer foar fijannen dy't Fryslân ynlûke woenen. By Aldeberkeap, de Bekhofskâns, en by Donkerbroek, de Breeberchskâns, waarden fortifikaasjes makke. Tegearre mei ferskate ynundaasjes hawwe de forten der ûnder oare ta laat dat Bommen Berend it gebiet net ynlûke koe.

Yn de 18e ieu kaam de feantsjerij opsetten yn it gebiet. Nije feankoloniale doarpen ûntstienen wêr't it libben min wie. Under dizze omstannigens ûntstie in gebiet wêr't it sosjalisme in soad oanhingers hie.

Hjoed de dei is Easterwâlde it haadplak fan de gemeente. Mar yn it ferline binne ek Makkingea en Aldeberkeap haadplak fan it gebiet west. Sûnt 1885 is Easterwâlde definityf it haadplak fan de gemeente wurden.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

It haadplak is Easterwâlde (Makkinga, 1812 - 1855 Aldeberkeap, 1855 - 1886 Makkinga) en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeberkeap, Appelskea, Donkerbroek, Elslo, De Fochtel, De Haule, Haulerwyk, Langedike, Makkingea, Nijeberkeap, Ravenswâld en Waskemar.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

De gemeenterie fan Eaststellingwerf bestiet út 21 sitten. De Partij fan de Arbeid hat lange tiid de grutste partij fan Eaststellingwerf west, mar sûnt de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 is de lokale partij EaststellingwerfskBelang de grutste. It kolleezje wurdt sûnt 2010 foarme troch it EaststellingwerfskBelang, it CDA en de VVD. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 1998.

Gemeenteriedssiten
Partij 1998 2002 2006 2010
PvdA 8 7 8 5
CDA 5 6 4 4
VVD 4 4 3 2
EaststellingwerfskBelang - - 4 7
GrienLinks 2 2 1 1
KristenUny 1 1 1 1
D66 1 1 - 1
Totaal 21 21 21 21

Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders[bewurkje seksje | edit source]

  • Boargemaster: Harry Oosterman (CDA)
  • Wethâlders:
    • Engbert van Esch (CDA)
    • Sierd de Boer (EaststellingwerfskBelang)
    • Jan Henk Veenhouwer (VVD)

Media yn Eaststellingwerf[bewurkje seksje | edit source]

Kranten

Radio

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Histoarysk sjoen makket Eaststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen ferdreaun troch it Nederlânsk en it Frysk. Yn Eaststellingwerf hat likernôch 11% fan de minsken it Stellingwerfsk as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 44% en it Frysk troch 38% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.[1] It Frysk wurdt benammen yn it noardlike part fan de gemeente, boppe de Tsjonger sprutsen, yn de doarpen Haule, Haulerwyk, Waskemar en Dinkerbroek. Ek yn Makkingea en Aldeberkeap bestiet in treftige mienskip Friezen.

Yn Eaststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied makke op it mêd fan de Fryske taal.[2]

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

  1. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 266 ISBN 9789001779047
  2. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 177 ISBN 9789001779047
  3. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2010
  4. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2011


Gemeenten yn de Provinsje Fryslân Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | De Fryske Marren | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf
wizigje