Twitel
Ut Wikipedy
Twitel is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Twitel leit besúdwesten Makkingea, flakby de krosbaan Prikkedaam.
De namme komt ek foar as Twijtel en Het Wijtel. Twitel is in Aldsaksyske namme. De útgong -loo fan it tichtby lizzende Loohuis wiist op bosk (loo). Yn it Piter Dekema-argyf is sprake fan in kontrakt oer in nije “wetterlieding” fan de 10e wyk nei de Tsjonger by Twitelerhout (1837).
[bewurkje seksje] Mûne
Yn 1685 stie der in mole yn Twitel, tichtby Makkingea, dy’t wierskynlik it nôt foar de hiele streek mealde. Dy mole waard yn 1869 troch in stoarm hielendal fernield.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|