Springe nei ynhâld

Appelskea

Ut Wikipedy
Appelskea
Keale Dunen
Keale Dunen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 4.875 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 39,54 km², wêrfan:
- lân: 39,32
- wetter: 0,22 km²
Befolkingsticht. 123 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 57' N 6° 21' E
Himrik (grien) fan Appelskea yn Eaststellingwerf
Himrik (grien) fan Appelskea yn Eaststellingwerf
Offisjele webside
appelscha.nl
Kaart
Appelskea (Fryslân)
Appelskea

Appelskea (Nederlânsk: Appelscha; Stellingwerfsk: Appelsche) is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf. It leit oan de noardkant fan it Drintsk-Fryske Wâld. Ta de himrik fan Appelskea heart ek Aakinga, De Bult, Alde Willem, Terwisscha en Willemstêd.

Appelskea hat 4.875 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Appelskea waard foar it earst yn 1247 as Appels fermeld troch biskop Otto fan it bisdom Utert. It plak bestie iuwenlang út in pear boerespultsjes oan de Boerestreek (dat eartiids Heech-Appelskea hiet) en de buorskippen Aakinga, Terwisscha en De Bult. Appelskea is in âld esdoarp, ynsluten tusken drûge sânige heide en wiet fean, doe noch de Appelskeaster- en Fochteler feanen neamd. De kearn fan Appelskea wie wat hjoed-de-dei de Boerestreek is.

De midsiuwske tsjerke fan Appelskea

De midsiuwske tsjerke stie yn Terwisscha en gie werom op de 12e iuw. De tsjerke wie wijd oan Nikolaas fan Myra en rekke nei alle gedachten by de ferbouwing fan 1781 (in oare boarne neamd 1857[3]) de sealtektoer kwyt. Sûnt hinget de yn 1435 getten klok yn in klokkestoel. Yn 1903 waard de midsiuwske tsjerke nei in brân ôfbrutsen en ferfongen troch de yn 2000 bûten gebrûk stelde Treftsjerke.

Yn 1400 hie it doarp sa'n 20 pleatsen mei likernôch 100 ynwenners. Om 1450 waarden leidiken oanlein om it soere lekwetter út it fean by de ikkers te kearen. In soad groei hie it doarp yn 'e rin fan de tiid net want yn 1815 wiene der 30 pleatsen mei sa'n 150 ynwenners.

Tjoemboeloeit (1867) oan it Stokfersfallaat wie de skuorre dêr't de keunstmest opslein waard foar de grûn nei it ôfgraven fan it fean

Mei it begjin fan de feanterij yn 1827-1828 feroare dat de it ynwennertal naam ta. It wiene fral Fryske arbeiders dy't op it wurk ôfkamen en troch dy Fryske ymmigraasje yn de 19e iuw waard Appelskea Frysktalich yn in omjouwing, dêr't oarspronklik Stellingwerfsk praat waard. Yn 1876 wie it hichtepunt fan de feanterij; dêrnei naam de produksje fan turf ôf. De sosjale omstannichheden wiene lykwols poermin en doe't de turf folle minder opbrocht as stienkoal en de leanen leger waarden, waard de kleau tusken feanbazen en feanarbeiders noch grutter en briek der op 22 maart yn 1888 yn Appelskea in grutte staking út, dy't it begjin wie fan in folle gruttere staking ûnder feanarbeiders yn it Noarden. De ynset wie hegere leanen en de ôfskaffing fan de ferplichte winkelnearing. Op 26 maart fan dat jier kamen de wurkjouwers de arbeiders yn 'e mjitte.

It bleau lykwols ûnrêstich. Yn 'e strange winter fan 1892 wegere ien fan 'e earmfâden bôle oan in pear arbeidershûshâldings. Trije bestjoersleden fan it krekt stifte Sosjaal-Demokratysk Bûn besochten de earmfâd en kearden mei roggebrea foar de hûshâldings werom. De oare deis waarden hja oppakt en nei It Hearrenfean brocht en it proses dat letter tsjin de manlju folge, waard bekend ûnder it Appelskeaster proses. Domela Nieuwenhuis ferdigene de manlju, dy't foar it ôfrûpeljen fan de brea 15 moannen finzenis krigen. Oant de Twadde Wrâldoarloch bleane de ferhâldings tusken de arbeiders en de wurkjouwer oer it generaal min.

Om't Appelskea is soad lêst fan stosân hie, de hûzen by hurde wyn hopen sân foar de doar krigen en de boeren klagen oer skea fan harren boulân en greide, sette Steatsboskbehear yn it lêste fearn fan de 19e iuw útein mei de oanplant fan bosk.

Yn 1905 waard de Vereniging tot oprichting en exploitatie van een Friesch volkssanatorium stifte. Yn 1922 krige Appelskea in sanatoarium foar de ferpleging fan TBC-pasjinten. Fan it eardere sanatoarium Beatrixoard bleau allinnich noch de röntgenôfdieling oer, dat letter waard in museum waard mar dat yn 2017 sletten is.[4]

Appelskea oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart

Sûnt 2022 hat Appelskea wer in doarpshûs: Doarpskeamer De Den.[5] Oan de Brêgeleane stiet Sosjaal Kultureel Sintrum Harambe.

De Treftsjerke

Der binne meardere buertferienings: De Compagnons, de Smidsleane, It Steegdenkertier en Rond de Draai.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de side fan Pleatslik Belang. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Boerestreek
Jier: 1815 1855 1880 1900 1920 1940 1954 1959 1964 1969 1974
Ynwenners: 150 1675 2450 2268 2645 3236 3331 3367 3113 3333 3547
Jier: 2009[6] 2015 2020
Ynwenners: 5123 4688 4735

Sifers 1815 oant en mei 1940 ôfkomstich út "Geschiedenis van de Oosterllingwerfse dorpen" (T.H. Oosterwijk)

Dobbe by it Aekingersân

It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld, dat beheard wurdt troch Steatsboskbehear en bûten Appelskea in besikerssintrum hat. Ek de Opsterlânske Kompanjonsfeart (as ûnderdiel fan de Turfrûte), en de attraksjeparken Duinenzathe en Miniatuerpark Appelskea lûke yn de simmermoannen in soad minsken. Yn de omkriten fan Appelskea komme pingoruïnes foar. Tusken Appelskea en Wateren leit de Kanadamar yn in boskrike omjouwing.

Iepenloftteater

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iepenloftteäter efter de Boskberch wie yn 'e jierren 1950 en 1960 in grutte attraksje. Hjir wienen eartiids Rudi Carel, Pipo de Clown, Swiebertje, Bueno de Mesquita en de doe krekt begjinnende André van Duin te sjen. Yn 1987 moast it teäter ticht om de hege kosten. Sûnt 2003 hawwe frijwilligers en de Histoaryske feriening it teäter renovearre. Der binne no mear as 500 sitplakken, in regykeamer en in gebou foar de catering.

Heksenoplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders hat Appelskea foar sfier bekend de ienige heksenoplieding yn Nederlân. Heks Margarita fan Rongen fersoarget de oplieding. Yn septimber 2005 kaam de oplieding yn it nijs om't de Belestingtsjinst de kosten foar de ienjierrige oplieding ôflûkber achtet, itjinge late ta keamerfragen.

Klokkestoel fan Appelskea
  • Op it âlde tsjerkhôf oan 'e Wester Es stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
  • Yn 1994 dûkte in frij ûnskealik kompjûterfirus op, dat de namme Appelskea krige troch ynterne tekenrige Appelskea.
  • It Kôkmuseum De Flear yn Appelskea waard jannewaris 2007 nominearre foar de Jeropeeske Euro-Toques priis. It museum gie 2009 lykwols ticht.

Alle strjitten yn Appelskea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Histoaryske Feriening Appelskea
  4. Stifting Beatrixoord
  5. Nij Eaststellingwerver, 3 maart 2022,
  6. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
Eaststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
· · Berjocht bewurkje