Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld
Nationaal Park Het Drents-Friese Wold
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (novimber 2004).
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (novimber 2004).
Lokaasje
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag Drenthe.svg Drinte
Frisian flag.svg Fryslân
Koördinaten 52°55′ N 6°20′ E
Oar
Oerflak 61 km²
Stifting 2000
Webside www.nationaalpark-drents-friese-wold.nl

It Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld is in nasjonaal park dat bestiet út in grut oaniensletten natuergebiet op de grins fan de Fryslân en Drinte. It mear as 6100 hektare grutte Nasjonale Park bestiet út bosk, heide en stosân.

Belangrike plakken oan de rânen fan it park binne de doarpen Appelskea yn Súdeast-Fryslân en Doldersum, Diever, Hoogersmilde, Wapse en Vledder yn Drinte.

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

It karakter fan it gebiet is yn grutte mate beynfloede troch de esdoarpenkultuer. Grutte dielen lykas it Doldersummerfjld, Aekingersân, Berkenheuvel en Wapserveld waarden ieuwenlang troch de boeren út de omlizzende doarpen brûkt foar it beweidzjen troch skiep. Troch dizze ieuwenlange beweiding en it ôfplagjen fan seadden foar de potstâlkultuer, waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de soere sângrûn. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden en en bytiden stosân. It Aekingersân by Appelskea hjit yn de folksmûle ek wol de 'Keale dunen'.

Utsjochtoer by it Doldersummerfjld, jannewaris 2005

Benammen op dy stosânen ûntstienen lytse hichten of dúntsjes. Letter, yn de 19e ieu, nei de útfining fan keunstdong, waarden dy stuifzanden en heideterreinen (of 'woeste grûen') beboke. Der wurde ynlânske soarten plante as iken en dinnnen, mar ek útlânske soarten as Douglasspjirre, Amerikaanske iik of Japanske lariks.

De Vledder Aa nimt in bysûnder plak yn yn dit Nasjonaal Park. Dizze beek is de ienige yn Nederlân dy't syn bopperin folslein yn in natuerlike omjouwing lizzen hat. In de jierren 2002 en 2003 is wurke oan natuerwerstel fan de bopperin fan dizze beek.

Kultuerhistoarje[bewurkje seksje | edit source]

Grutte stikken fan it gebiet spilen in wichtige rol yn de esdoarpekultuer. Mar der binne al folle âldere spoaren fan bewenning. By Diever leit in hunebêd oan de râne fan it park. Net fier fan Doldersum lizze in pear grêfhichten en op ferskate plakken binne spoaren fan bewenning út it Neolitikum (Lette Stientiid) en de izertiid fûn.

Midden yn it park, fiif kilometer fan Diever, leit in ûnderdûkershoale út de Twadde Wrâldoarloch.

Floara en fauna[bewurkje seksje | edit source]

It Aekingersân by Appelskea, jannewaris 2005

Sa'n grut oaniensletten natoergebiet biedt romte oan ferskate soarten planten en bisten. Nijsgjirrich om te neamen binne:

Fauna

Floara

Foar in oersjoch fan de fûgels dy't yn it Drintsk-Fryske Wâld briede, sjoch

Behear[bewurkje seksje | edit source]

Der binne fjouwer wichtige behearders fan dit Nasjonaal Park:

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Yn it hiele park leit in wiidweidich stelsel fan asfaltearre fytspaden. In soad toeristen komme der dan ek om te fytsen. Steatsboskbehear hat foar mountainbikers aparte rûtes oanlein.

By Appelskea stiet it besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld , dêrnjonken is der in ynformaasjesintrum yn Diever.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]