De Haule

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Haule
Himrik fan  De Haule
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 20
Ynwenners (2008) 608
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 2' NB, 6° 18' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8432
Webstee {{{webstee}}}


De Haule is in lintdoarp yn it noardeasten fan de gemeente Eaststellingwerf. It doarp hat likernôch 608 ynwenners (1 jannewaris 2009). De namme komt wierskynlik fan havela, dat "haad" betsjut en soe ferwize nei it feit dat it gebiet heger leit as de omjouwing dy't foar it grutste part út feangrûn bestie. Net fier fan De Haule leit it buorskip Koudenburch. Oan beide kanten fan De Haule leit in natoergebiet. Tusken De Haule en Haulerwyk leit de Blauwe Bosk. Tusken Easterwâlde en De Haule leit de Haulerpolder. Lâns de skieding tusken De Haule en Haulerwyk, tusken it heidefjild en it heechfean, lei eartiids in smelle stripe sândunen, wêryn yn 1842 âlde Spaanske munten fûn binne. De sulveren munten binne slein yn de tiid fan Filips II.

Yn 1328 wie De Haule grif al in selsstannich doarp. Yn 1408 wurdt it doarp De Haule en Die Hauwele neamd. Yn 1520 stiet it doarp neqamd as Dumbroeckster Haule (Haule by Donkerbroek). De doarpsnamme soe in ôflieding wêze kinne fan holle, dat haad, ferheging of hicyte betsjut. De betsjutting soe dan eat wêze kinne as: in gebiet dat boppede omjouwing úststekt. It gebiet oan de noard- en eastkant fan it doarp wie eartiids in min tagonklik feangebiet. In de 16e ieu moasten militêre troepen de efterfolging fan Grinslanners en Geldersken stake meidat se keard waarden troch it wiete fean. De plakken dêr't dit feangebiet oerstutsen wurde koe warden sûnt 1593 beskerme troch de skânsen Breeberch en Swartendyk. It âlde streekdoarp De Haule is grif al yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rêch yn it lân oan de noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Feanhuzen yn en fierder nei Drinte. It wie in âlde delsetting yn in frijwat leechlizzend gebiet.

Healwei de 18e ieu kaam der yn it noardlike doarpsgebiet in omslach troch de ferfeanings. De Drachtster Kompenije begûn dêr fan 1756 ôf mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Oan dy feart groeide in delsetting fan in oare aard, dat him as doarp losmakke fan De Haule. Letter soe it westlike gedielte fan Haulerwyk him as doarp Waskemar ferselsstannigje. It earste is dus in bern, it oare in pakesizzer fan De Haule. It wie net fan ynfloed op De Haule sels. Dat bleau in lange útstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 wurdt der skreaun: De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen. De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lâns waard earst fan it lêst fan de 19e ieu ôf tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing en lizze oan de noardkant fan de lânbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as de Blauwe Bosk oanplante, dêr‘t tusken yn heidefjilden en inkele puollen hanthavenene binne.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Maratonrider Bob de Vries (16 desimber 1984) fan De Haule waard yn 2007 Nederlânsk kampioen klunen.
  • Elma de Vries (20 maart 1983), reedrydster, berne yn De Haule
  • De bynamme fan de Haulsters is koalrapen of rapen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Blauwe Bosk - neamd nei de kleur fan de nuddelbeammen.
  • Claes Egbeswei - Claes Egbes wie ± 1500 stelling, bestjoerder oer de Stellingwerven en wenne yn De Haule.
  • Doarpsstrjitte - de buorren fan De Haule.
  • Feanpettenwei - de wei rint lâns ien fan de petgatten.
  • Fennewei - De wei nei Easterwâlde gie nei de Haule-fenne. Troch dy fennen rûnen ûnder oare de Foksewyk en de Fennewyk.
  • Ferlaatswei - yn de wei siet eartiids in slûs.
  • Haulerdiek - dyk nei De Haule.
  • Koumansburch - komt fan it buorskip Koudenburch.
  • Krúswei -
  • Lange Singel -
  • Mandestrjitte - mande bestjut 'mienskiplik', of 'by inoar lizzend'.
  • Polderwei - wei nei de polder, de ûntginde heide fan de weper. De wei is yn 1921 oanlein.
  • Rendyk -
  • Rolpeal - In rolpeal is in peal yn de grûn dêr't it kanaal in skerpe bocht makket. De peal wie der foar om it tou fan de trekskûte nei it hynder yn de bocht te lieden. Sa koe de skûte net tsjin de wâl rinne.
  • Skiedingsreed -
  • Swettewei - De Gearre Swette wie in wetterlossing. De gearswette wie in wetterlossing op de grins fan Donkerbroek en De Haule.
  • Tonckenswei - de famylje Tonckens hie dêr besittings.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen