1781
Ut Wikipedy
Ieuwen: 13e - 14e - 15e - 16e - 17e - 18e ieu - 19e - 20e - 21e - 22e - 23e
Jierren: 1776 - 1777 - 1778 - 1779 - 1780 - 1781 - 1782 - 1783 - 1784 - 1785 - 1786
[bewurkje seksje] Foarfallen
- Eise Eisinga foltôget syn planetarium yn Frjentsjer
- 6 jannewaris - Op de Royal Square yn Saint Helier op it Kanaaleilân Jersey ferslaan de Ingelsken de Frânsken yn de Slach om Jersey.
- John Hanson wurdt keazen ta earste Presidint fan de Feriene Steaten yn Kongres gear. Neffens guon (en ferkearde) boarnen is Hanson de earste Amerikaanske presidint, en net George Washington
- 13 maart - Astronoom William Herschel ûntdekt de planeet Uranus. Hy bewiist ek it bestean fan de ynfrareade strielen, dy't bûten it sichtbere spektrum lizze.
- july - Keizer Jozef II reizget yncognito as Greve Fan Frankenstein troch de Nederlannen.
- 5 augustus - Slach by de Doggersbank. De Ingelske float falt in Nederlânsk konvoai oan by de Doggersbank. De slach einicht feitlik ûnbeslist, mar wurdt yn Nederlân as in geweldige oerwinning fierd en wurdt dêrnei alle jierren troch de patriotten betocht mei taspraken en banketten.
- 19 oktober - Yn Yorktown, Virginia, jout it ynsluten Ingelske legerke fan Charles Cornwallis him oer oan George Washington. Dit momint wurdt sjoen as de feitlike ein fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 12 novimber - Jozef II furdiget in dekreet oer de tolerânsje út. "Net-katoliken", d.w.s. joaden mar ek protestanten krije yn Belgje godstsjinstfrijheid, de kultusfrijheid bliuw ta de priveesfear beheind.
[bewurkje seksje] Berne
- 9 juny - George Stephenson, Ingelsk útfiner fan de stoomlokomotyf
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 15 jannewaris - Maria Anna fan Spanje (Portegal), prinsesse fan Spanje en keninginne fan Portegal (* 1718)
Jierren: 1776 - 1777 - 1778 - 1779 - 1780 - 1781 - 1782 - 1783 - 1784 - 1785 - 1786
Ieuwen: 13e - 14e - 15e - 16e - 17e - 18e ieu - 19e - 20e - 21e - 22e - 23e

