Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De oerjefte fan Cornwallis betsjutte eins de ein fan de striid

De Amerikaanse ûnôfhinklikenskriich is de oarloch tusken Grut-Brittanje en de koloanjes yn wat letter de Feriene Steaten fan Amearika wurde soe. De oarloch resultearre yn de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten.

Foar it begjin fan de striid wienen de ferskillen tusken de ferskate koloanjes, benammen yn ekonomysk opsicht tige grut. It Noarden wie in gebiet fan hannelers, wyst de ekonomy fan it Suden bepaald waard troch fan slavernij ôfhinklike tabaks-, rys- en katoenplantaazjes. Troch de mienskiplike Frânske fijân yn Kanada waard oan it begjin noch mienskiplik oplutsen en dat late yn 1763 ta de ferovering fan Kanada nei de saneamde French and Indian War (Sânjierrige Oarloch). De striid koste it mememlân lykwols in slompe jild en om de kas wer te spekken waarden der hieltiten swierdere belestings op de koloanjen lein.

It ferset hjirtsjin liet net lang op him wachtsje en rûn út op in ûnôfhinklikensoarloch dy't wûn waard troch de trettjin koloanjes; oan it begjin fan de oarloch, op 2 july 1776 waard de ûnôfhinklikheid al útroppen en op 4 july waard de troch Thomas Jefferson skreaune Declaration of Independence oannomd. De Amerikaanse Frijheidsoarloch soe duorje oant 1783; op 19 april 1783 erkenden de Britten harren ferlies by de Frede fan Versailles en lutsen har werom út de Feriene Steaten; de Amerikaanse republyk wie in feit. Nederlân wie, nei Frankryk, it twadde lân dat de ’Feriene Steaten fan Amearika’ erkende (1782). Dat de trettjin sa ferskillende koloanjes daliks in ienheid foarmje soenen, blykte in utopy. It ienige mienskiplike wiene winlik de Articles of Confederation, in soarte grûnwet dy't lykwols benammen it ûnôfhinklike karakter fan de koloanjes befêstige. Fierders wie der winliken mar ien mienskiplik orgaan, it Kongres, dat lykwols mar in pear kear jiers gearkaam. Dizze losse ferbyntnis fan steaten hie te lijen ûnder grutte oarlochsskulden, in weromrinnende hannel en it ûntbrekken fan in sintraal gesach. De saneamde Federalisten pleiten foar in sterker gesach en in bettere grûnwet.

Yn 1787 waard der yndie in nije grûnwet oannomd, in muoisum proses dat pas ôfrûne wie doe't der in saneamde Bill of Rights oan de grûnwet taheakke waard. De "bill of rights" bestie út tsien artikels dy't de minsklike grûnrjochten befetten. Troch it oannimmen fan de nije grûnwet giene de trettjin koloanjes as in Uny fan de Feriene Steaten fierder en yn 1789 waard George Washington de earste presidint, in held út de oarloch tsjin de Britten.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen