1787

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Ieuwen: 13e - 14e - 15e - 16e - 17e - 18e ieu - 19e - 20e - 21e - 22e - 23e
Jierren: 1782 - 1783 - 1784 - 1785 - 1786 - 1787 - 1788 - 1789 - 1790 - 1791 - 1792


Foarfallen[bewurkje seksje | edit source]

  • De nôt- en pelmûne Windlust yn Boerum wurdt boud.
  • Begjin maaie wurdt út Amersfoart wei in oanfal dien op it patriottyske bolwurk Utert.
  • 28 juny - Prinses Wilhelmina besiket fanút Nymwegen De Haach te berikken om steun te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden en nei Goejanverwelleslûs brocht.
  • Heal augustus. Hollân freget op steun út de oare gewesten, omdat Freark Willem II, de kening fan Prusen en broer fan prinses Wilhelmina, driger mei yntervinsje, as Hollân net har ûntskuldigingen oenbiedt. Yn Delft wurdt noch in patriottysk stedsbestjoer ynsteld. In tsiental patriottyske steateleden yn Fryslân wegeret him del te lizzen by de reaksjonêre besluten en lûkt him werom yn Frjentsjer. Yn ferskate stêden wurde definsive maatregels troffen,. De spanning rint op.
  • Op 10 septimber folget in Prusysk ultimatum fan trije dagen.
  • Op 15 septimber lûkt in Prusysk leger de stêd Utert, ferdigene troch Freark III, binnen. De patriotten út Utert naaie út nei Amsterdam.
  • Yn Fryslân hâlde de patriotten it noch in wike langer út. At de stimming ûnder de befolking omslein is, wurde ek Frjentsjer en Boalsert opjûn.
  • Op 20 septimber giet prinses Wilhelmina werom nei De Haach. De steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau komt trije dagen letter.
  • Troch yntervinsje fan Prusen is de "boargeroarloch" tusken de patriotten en prinsgesinden delslein. In soad patriotten wurde finzen nommen of pike út nei Frankryk.

Boukeunst[bewurkje seksje | edit source]

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Ferstoarn[bewurkje seksje | edit source]


Jierren: 1782 - 1783 - 1784 - 1785 - 1786 - 1787 - 1788 - 1789 - 1790 - 1791 - 1792


Ieuwen: 13e - 14e - 15e - 16e - 17e - 18e ieu - 19e - 20e - 21e - 22e - 23e